Springe nei ynhâld

Grêfstientoerist

Ut Wikipedy
Toeristen by de Dunkelgrafen

In grêfstientoerist (ek wol bekend as in 'begraafplakleafhawwer', 'begraafplaktoerist', 'grêfjager' of 'tafofyl') is immen mei in passy foar begraafplakken, grêfskriften, it meitsjen fan ôfwriuwings fan grêfstiennen, foto's, keunst en de skiednis fan (ferneamde) deaden. [1] De term is benammen brûkt troch skriuwer en biograaf Scott Stanton as titel fan syn eardere webside en syn boek The Tombstone Tourist: Musicians (2003), dat oer it libben en de grêven fan ferneamde muzikanten giet. [2]

Guon begraafplaktoeristen binne benammen ynteressearre yn 'e histoaryske aspekten fan begraafplakken of de histoaryske relevânsje fan harren ynwenners. It La Recoleta-begraafplak yn Buenos Aires, it Alde Joadske Begraafplak yn Praach en it Zentralfriedhof (Sintraal Begraafplak) yn Wenen, Eastenryk, hawwe in grut oantal ferneamde ynwenners en harren grêven, wat de begraafplakken wichtige toeristyske bestimmingen makket. De histoaryske begraafplakken fan New Orleans binne toeristyske bestimmingen fanwegen harren relevânsje foar de kulturele skiednis fan 'e stêd.

Genealogyske toeristen dogge in soad war om begraafplakken en de dêrby hearrende registraasjes op te spoaren, en om grêfgegevens en de begraafplakken fan harren foarâlden te ferifiearjen.

Al iuwenlang meitsje minsken beafearten nei de grêven fan religieuze ikoanen en lieders. Dit wie benammen yn de midsiuwen wenst, doe't minsken nei grêven of hillichdommen giene om hilligen te ferearjen. [3] Yn Sina omfieme de âlde tradysje fan foarfaarferearring [4] ek it ferearjen fan ferstoarne famyljeleden troch besites oan hillichdommen en grêven.

Yn 'e 19e iuw waarden túnbegraafplakken [5] oanlein dy't besikers oanmoedigen om te bliuwen en it begraafplak te besykjen. In ferneamd foarbyld is it Père Lachaise-begraafplak [6] yn Parys, dat toeristen útnoeget om tinktekens te besjen, net allinich fan de wrâldferneamden, mar ek minder bekende persoanen.

Begraafplakregisters hawwe ek in manier west om genealogyske gegevens te ferifiearjen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Rogak, Lisa, Stones and Bones of New England: A guide to unusual, historic, and otherwise notable cemeteries. Globe Pequat (2004), ix. ISBN 0-7627-3000-5.
  2. The Tombstone Tourist: Musicians (2003). ISBN 9780965996693.
  3. Simkin, John, Pilgrimage. Argivearre op 20 December 2002. Oproppen op 4 October 2014.
  4. Ancestor Worship. Oproppen op 4 oktober 2014.
  5. London's Victorian Garden Cemeteries. Oproppen op 4 oktober 2014.
  6. Cimetière du Père Lachaise -Visite virtuelle – Cemetery's virtual tour – Jim Morrison – Edith Piaf. Argivearre op 30 desimber 2014. Oproppen op 4 October 2014.