Springe nei ynhâld

Goudwjukfinken

Ut Wikipedy
Goudwjukfinken
Sokotragoudwjukfink (Rhynchostruthus socotranus)
Sokotragoudwjukfink (Rhynchostruthus socotranus)
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
famylje:finkfûgels (Fringillidae)
skaai:goudwjukfinken (Rhynchostruthus)
Sclater & Hartlaub, 1881

De goudwjukfinken (Rhynchostruthus) foarmje in skaai fan krêftich boude finken fan likernôch 15 sintimeter lang. Se binne te werkennen oan in grutte kop, in swiere snaffel en in relatyf koarte sturt. It fearrekleed is griisbrún mei opfallende heldergiele plakken op 'e wjukken en de sturt, faak yn kombinaasje mei in donker eachmasker. Wyfkes binne wat doffer fan kleur; jonge fûgels binne streke.

Dizze fûgels libje as skouwe stânfûgels yn drûge, rotsige en bercheftige gebieten mei stikeleftige begroeiing en beammen lykas akasia's en duveldrek (Euphorbia). Har iten bestiet benammen út sied en fruchten.

OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeFerspriedingStatus
Arabyske goudwjukfinkRhynchostruthus percivaliIt súdwestlike diel fan it Arabysk Skiereilân.[1]
SokotragoudwjukfinkRhynchostruthus socotranusIt eilân Sokotra (Jemen).[2]
Somalyske goudwjukfinkRhynchostruthus louisaeIt easten fan Afrika (Somaalje).[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: