Goudtangare
| Goudtangare | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Tangara arthus arthus | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Tangara arthus | ||||||||||||
| Lesson, 1832 | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Ferspriedingskaart nominaatfoarm Ferspriedingskaart oare ûndersoarten. |
De goudtangare (Tangara arthus) is in sjongfûgelsoarte yn it skaai echte tangaren út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Goudtangaren wurde 13 sm grut en weagje oant 22 gram. De kop is goudgiel mei in smel swart gebiet om 'e snaffel hinne. By it ear is in swart plak. De ûnderrêch en stút binne goudgiel. De wjukken en sturt binne meast swart, de grutte fearren fan 'e wjukken ha griene seamen. De iris is brún oant donkerbrún en de snaffel fan in folwoeken fûgel is swart, wylst de poatsjes swart, griis of blau-griis binne. Wyfkes ha in soad fan mantsjes. Jonge fûgels binne grizer, se ha gjin swart plak by it ear en de snaffel en poatsjes binne griis.
De nominaatfoarm ûnderskiedt him fan 'e ûndersoarten troch in brune bân oer it boarst.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte telt njoggen ûndersoarten
- Tangara arthus arthus: noardwestlik en noardlik Fenezuëla.
- Tangara arthus palmitae: noardeastlik Kolombia.
- Tangara arthus sclateri: Sintraal-Kolombia.
- Tangara arthus aurulenta: it noardlike diel fan Sintraal-Kolombia en noardwestlikFenezuëla.
- Tangara arthus occidentalis: westlik Kolombia.
- Tangara arthus goodsoni: westlik Ekwador.
- Tangara arthus aequatorialis: fan sintraal oant noardlik Perû.
- Tangara arthus pulchra: it eastlike part fan Sintraal-Perû.
- Tangara arthus sophiae: súdeastlik Perû oant westlik Bolivia.
De goudtangare komt yn 'e lege berchgebieten op in hichte fan 900 oat 2200 m foar en libbet yn mingde groepen yn dizewâlden, boskrannen en tunen. It is dêr ien fan 'e meast foarkommende tangaren.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN beöardielet de nominaatfoarm en de oare ûndersoarten apart fan inoar, mar beide wurde as net bedrige op 'e Reade list klassifisearre (LC, 2016).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
