Springe nei ynhâld

Goudtúfkes

Ut Wikipedy
Goudtúfkes
Robyntúfke (Corthylio calendula)
Robyntúfke (Corthylio calendula)
Taksonomy
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift:sjongfûgels (Passeri)
lytsskift:miggesnappereftigen (Muscicapida)
boppefamylje:goudtúffûgels (Reguloidea)
famylje:goudtúfkes (Regulidae)
Vigors, 1825

De goudtúfkes of goudtoefkes (Regulidae) foarmje in famylje fan it skift fan de moskeftigen (Passeriformes) en it ûnderskift fan de sjongfûgels (Passeri). Foarhinne waarden de goudtúfkes allinne as skaai binnen de famylje fan de sjongers (Sylviidae) sjoen. Der binne 6 of 7 soarten goudtúffûgels.

De Amerikaanske ornitolooch John James Audubon hat yn 1812 ek noch in oar goudtúfke beskreaun dy't hy Cuviers goudtúfke neamde (Regulus cuvieri). Hy hie in fûgel sketten dêr't hy net ien fan de bekinde goudtúfkes yn seach. Dat wurdt algemien sjoen as in flater en dy soarte bestiet dus net.