Springe nei ynhâld

Goudtúfke

Ut Wikipedy
Goudtúfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljegoudtúfkes (Regulidae)
skaaiechte goudtúfkes (Regulus)
soarte
Regulus regulus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

It goudtúfke of goudtoefke (wittenskiplike namme: Regulus regulus) is de lytste fûgel dy't yn Jeropa foarkomt. De namme goudtoefke wurdt ek wol brûkt.

De goudtúfkes waarden fanâlds altiten by de sjongers yndield, mar tsjintwurdich wurde se faak yn in aparte famylje (Regulidae) set.
De goudtúfkes op de Kanaryske Eilannen wurde somtiden as aparte soarte sjoen, it Teneryfgoudtúfke (Regulus teneriffae).

It goudtúfke fan boppe sjoen.

It goudtúfke is likernôch 9 sm grut en is de lytste fûgel fan Europa, it fûgeltsje hat in gewicht tusken de fjouwer en sân gram. It meast opfallende merkteken is de streek op syn krún. Dy is by de mantsjes oranje en hat by de wyfkes wat mear in giele kleur en hat oan beide siden in swarte streek der bydel. It fjoertúfke hat lykwols in gelikense krúnstreek sadat se dermei betize wurde kinne, mar it fjoertúfke hat in dúdliker tekening op de sydkant fan de kop rûnom de eagen. De fearren oan de boppekant binne gielbrún, de wjukken binne donkerder mei in wite wjukstreek. Fierder binne goudtúfkes opfallend drokke fûgels dy't hast net stilsitte.

De goudtúfkes binne it meast yn de bosken te finen, foaral nullebosken. Winterdeis komme se ek wol by de minsken yn de tún en op de foertafel. Se komme foar yn Noard- en Midden-Jeropa en parten fan Aazje. De fûgels yn it noarden fan it ferspriedingsgebiet binne trekfûgels dy't meast yn it suden fan Jeropa oerwinterje.

Goudtúfkes ite ynsekten.

De goudtúfkes meitsje in bolfoarmich nêst fan moas dat se oan it útein fan in tûke ophingje, meast heech yn in nullebeam. Meastentiids briede se twa kear, it wyfke leit 7-10 aaien dy't se yn sa'n twa wiken útbret. De jongen fleane nei 16-18 dagen út.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Goudtoefkes fan Wikimedia Commons.