Springe nei ynhâld

Goudsturtkometen

Ut Wikipedy
Goudsturtkometen
mantsje fan 'e goudsturtkomeet
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skifttoersweleftigen (Apodiformes)
famyljekolibrys (Trochilidae)
skaaigoudsturtkometen (Sappho)
soarte
Sappho
Reichenbach, 1849

De goudsturtkometen (Sappho) foarmje in skaai fan 'e famylje fan 'e kolibrys (Trochilidae). It skaai is monotypysk, wat betsjut dat it mar út ien soarte bestiet: de goudsturtkomeet (Sappho sparganurus).

De namme fan it skaai is in earbetoan oan 'e Grykske dichteresse Sappho, dy't yn 'e Aldheid op it eilân Lesbos libbe. De Fryske namme ferwiist nei de opfallende irisearjende gouden glâns fan 'e lange sturtfearren.

De mantsjes fan 'e fûgels yn it skaai ha tige lange, djip foarke sturten mei in opfallende glâns dy't wikselet tusken goud, oranje en fjoerread. De sturtfearren binne sa lang dat se by it fleanen mei wat ynbylding wat wei hawwe fan 'e sturt fan in komeet. De mantsjes hawwe in irisearjende kiel, wylst de wyfkes ienfâldiger kleure binne mei in ljochte, bespikkelde ûnderkant. De wyfkes ha in koartere sturt mar wol mei de irisearjende gouden, oranje en reade kleuren.

Goudsturtkometen komme foar yn de heechlizzende dellingen en berchgebieten fan 'e Andes yn it suden fan Bolivia en it noarden fan Argentynje. Se hâlde fan drûge habitatten mei strewellen en iepen bosk.

It skaai waard yn 1849 yntrodusearre troch de Dútske biolooch Ludwig Reichenbach. Hoewol't der binnen de soarte twa ûndersoarten erkend wurde, bliuwt it skaai sels beheind ta ien fûgel.

Soarten fan it skaai goudsturtkometen (Sappho)
OfbyldFryske nammeWittenskiplike nammeFerspriedingStatus/Trend
goudsturtkomeet Sappho sparganurus Súd-Bolivia, Noard-Argentynje net bedrige
stabyl[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: