Goudpiper
| goudpiper | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Tmetothylacus tenellus | ||||||||||||
| Cabanis, 1878 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De goudpiper (Tmetothylacus tenellus) is in sjongfûgel út de famylje piperfûgels (Motacillidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De goudpiper is in 14 oant 16 sm sintimeter lange fûgel. De fûgel hat ûnder en op 'e wjukken in heldergiel fearrekleed mei oer it boarst in swarte bân. De bûtenste wjukfearren had donkerbrune einen. Op 'e rêch is er giel en brún. Net-briedende mantsjes en wyfkes binne folle doffer en êarder bêzje, alhoewol't se noch in giele waas op 'e búk, oan 'e rânen fan 'e wjukken en bûtenste sturtfearren ha.
Jonge fûgels lykje op 'e wyfkes, mar ha in streke boarst.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De goudpiper komt foar yn súdeastlik Súd-Sûdan, súdlik en eastlik Etioopje, Somaalje, noardlik Uganda, eastlik Kenia en eastlik Tanzania. Yn Oman is de fûgel as swalker waarnommen. De soarte is foar in part nomadysk of migrearjend.
It habitat fan 'e goudpiper bestiet út drûch strûklân. Se ite lytse ynsekten.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, in grutte en stabile populaasje. Dêrfandinne kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN ) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2025). Der is gjin rûzing fan 'e grutte fan 'e populaasje, mar de goudpiper wurdt as gewoan yn noardwestlik en súdlik Somaalje omskreaun, lokaal gewoan yn Kenia en Tanzania en ûngewoan yn Súd-Sûdan.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
