Goudkatten
| goudkatten | ||
| De Aziatyske goudkat (Catopuma temminckii). | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
| klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
| skift: | rôfdieren (Carnivora) | |
| ûnderskift: | katdieren (Feliformia) | |
| famylje: | kateftigen (Felidae) | |
| ûnderfamylje: | lytse katten (Felinae) | |
| skaai: | goudkatten (Catopuma) | |
| Severtsov, 1858 | ||
De goudkatten (wittenskiplike namme: Catopuma), of Aziatyske goudkatten (ta ûnderskie fan 'e Afrikaanske goudkat), foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e kateftigen (Felidae) en de ûnderfamylje fan 'e lytse katten (Felinae). Ta dit skaai hearre twa soarten, dy't lânseigen binne yn 'e tropyske reinwâlden fan Súdeast-Aazje. Hja wurde 'goudkatten' neamd fanwegen de readbrune kleur fan it meastepart fan harren pels.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai fan 'e goudkatten waard yn 1858 yntrodusearre troch de Russyske soölooch Nikolaj Severtsov. De troch him betochte wittenskiplike namme Catopuma betsjut "kattepoema"; de ferwizing nei de poema (Puma concolor) hat te krijen mei de min ofte mear effen goudbrune kleur fan 'e goudkatten, dy't de bekendere poema ek hat.
De neiste libbene sibbe fan 'e goudkatten is de moarmerkat (Pardofelis marmorata). De trije soarten spjalten har likernôch 9,4 miljoen jier lyn ôf fan 'e oare lytse katten. Nei't dy nauwe besibskip begjin ienentweintichste iuw oan it ljocht kaam, waarden de goudkatten yn 2006 by it skaai fan 'e moarmerkatten (Pardofelis) yndield, mei't dat âlder wie en dêrom foarrang hie. Catopuma waard doe in synonym foar Pardofelis.
Letter ûndersyk út 'e 2010-er jierren befêstige lykwols dat de beide soarten goudkatten nauwer oaninoar besibbe wiene as oan 'e moarmerkat, wat de aparte status fan it skaai fan 'e goudkatten rehabilitearre. Yn 2016 waard dêrom besletten om 'e gearfoeging werom te draaien, sadat it skaai fan 'e goudkatten op 'e nij in jildich takson waard.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
