Springe nei ynhâld

Goudfinken

Ut Wikipedy
Goudfinken
goudfink
goudfink
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
skift:moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift:sjongfûgels (Passeri)
boppefamylje:moskfûgels (Passeroidea)
famylje:finkfûgels (Fringillidae)
skaai:goudfinken (Pyrrhula)
Brisson, 1760

It skaai Pyrrhula, yn it Frysk goudfinken, heart ta de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae). It binne stevige, rûnboude sjongfûgels mei in koarte, dikke snaffel dy't gaadlik is om sied en knoppen te kreakjen.

Meast foarkommende kleuren fan 'e fûgels yn it skaai binne read, oranje, griis, brún en wyt. Der is seksuële dimorfy, mar by guon soarten binne de ferskillen grutter as by oare soarten.

Se libje yn bosken, strûken, parken en tunen mei genôch beammen en syn iten bestiet út sied, bûkenútsjes, fruchten en knoppen fan beammen. It nêst sit goed ferside stoppe yn in beam of strûk en in lechsel bestiet út 4 oant 6 aaien.

De measte soarten binne net bedrige, mar de Azoarengoudfink (P. murina) stiet mei in lytse populaasje as kwetsber op 'e Reade list fan 'e IUCN. De Graciosagoudfink op it eilân Graciosa is om 1500 hinne útstoarn troch de Portegeeske kolonisaasje fan it eilân, itjinge late ta ferneatiging fan habitat en ynfiering fan ynvasive plantesoarten.

OfbyldWittenskiplike nammeFryske nammeFerspriedingIUCN-status/
Trend
Pyrrhula aurantiacaoranjegoudfinkYndia, Pakistannet bedrige
stabyl[1]
Pyrrhula erythacagriiskopgoudfinkBûtan, Sina, Yndia, Myanmar, Nepalnet bedrige
stabyl[2]
Pyrrhula owstoniTaiwangoudfink
(fan P. erythaca ôfsplist)
Taiwangjin status,
trend ûnbekend
Pyrrhula erythrocephalareadkopgoudfinkBûtan, Noard-Yndia, Nepalnet bedrige
[3]
Pyrrhula leucogeniswytwanggoudfinkFilipinennet bedrige
[4]
Pyrrhula murinaAzoarengoudfinkSão Miguel kwetsber
stabyl[5]
Pyrrhula nipalensisbrune goudfinkBûtan, Sina, Yndia, Maleizje, Myanmar, Nepal, Pakistan, Taiwan, Fjetnamnet bedrige
stabyl[6]
Pyrrhula pyrrhulagoudfinkEuropa en Aazjenet bedrige
[7]
Pyrrhula crassaGraciosagoudfinkGraciosaútstoarn yn it Holoseen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: