Springe nei ynhâld

Goudboarstdo

Ut Wikipedy
goudboarstdo
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftdo-eftigen (Columbiformes)
famyljedofûgels of dowen (Columbidae)
skaaidolkstekdowen (Gallicolumba)
soarte
Gallicolumba rufigula
(Pucheran, 1853)
IUCN-status: net bedrige

De goudboarstdo (Gallicolumba rufigula) is ien fan 'e sân soarten yn it fûgelskaai dolkstekdowen (Gallicolumba) út de famylje dowen (Columbiformes), dat allinnich op 'e Filipinen en yn Yndoneezje foarkomt.

Goudboarstdowen binne 22 oant 24 sm, middelgrutte dowen. Se ha in ljocht readbrún gesicht dat nei efter yn kastanjebrún oergiet. De hals, mantel, rêch en wjukken en flanken binne kastanbrún, mei op 'e hals en boarstflanken in poarperen irrisaasje. De haadslachpinnen binne donkerbrún mei roestreade bûtenfearren. De wjukken ha trije dofgrize dwersbannen. De soarte tanket de namme oan 'e goudgiele hierige fearkes op it boarst. De kiel en it boarst binne fierder wyt, dat sterk kontrastearret mei de fearren fan 'e boppedielen. De ûndersturtdekfearren binne readgiel. De fûgel hat in donkergrize snaffel, dy't nei de punt ta ljochter wurdt en in readgrize iris.

De wyfkes ferskille net in soad fan 'e mantsjes. Harren fearkes op it boarst en de foarholle binne lykwols wat doffer as dy fan 'e mantsjes.

Goudboarstdowen binne endemyske op Nij-Guineä en de soarte wurdt yn trije ûndersoarten:

  • Gallicolumba rufigula rufigula: Raja Ampat-eilannen
  • Gallicolumba rufigula septentrionalis: noardlik Nij-Guinea (eastlik nei de Huonbaai)
  • Gallicolumba rufigula helviventris: de Aru-eilannen en súdlik Nij-Guineä (Waitakwa River Fly River).
  • Gallicolumba rufigula alaris: súdlik Nij-Guineä eastlik nei Karimui (provinsje Chimbu).
  • Gallicolumba rufigula orientalis: súdeastlik Nij-Guinea (westlik nei de Mambare-rivier en Angabunga-rivier)

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De goudboarstdo libbet yn leechlânbosken yn leechlângebieten en heuvels. It is in grûndo dêr er nei sied siket en somtiden ek wringeleazen lykas wjirms. By fersteuring klapt er mei de wjukken.

De fûgel hat in tige grut ferspriedingsgebiet, mar oannommen wurdt dat de oantallen tebek rinne, alhoewol net sa slim dat de fûgel bedrige wurdt. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de fûgel as net bedrige (LC) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: