Goslingastate (Doanjum)

Ut Wikipedy
Goslingastate (1730)

Goslingastate wie in state yn Doanjum, gemeente Frjentsjerteradiel. Fan de Goslingastate is sels de lizzing yn it terrein net mear te werkennen.

De state waard begjin 17e iuw boud. Op de Sickemastate yn Hjerbeam wenne begjin 17e iuw Johan fan Goslinga, grytman fan Frjentsjerteradiel; hy is troud mei Fed Sophia fan Cammingha fan It Amelân. It pear beslút om in nije state te bouwen yn Doanjum. Johan en Fed Sophia binne de âlden fan de Fryske steatsman Sicco fan Goslinga (1664-1731). Sicco studearre yn Frjentsjer en studearre nei syn eksamen noch yn Ingelân en Frankryk. Yn 1688 folge hy syn heit op as grytman. Hy focht mei yn de Spaanske suksesjeoarloch as gûverneur op it fjild en die mei oan de Slaggen by Ramillies (1706), Oudenaerde (1708) en Malplaquet (1709). By dizze fjildsslaggen hie hy in soad súkses en soks hie ta gefolch dat hy folmachtige waard by de Frede fan Utert yn 1712-1713. Ek waard hy ôfgesant fan de Republyk oan it hof fan Loadewyk XIV yn Versailles yn 1714.

De famylje Goslinga stoar út yn manlike line doe't Sicco yn 1731 ferstoar. Wol waarden ôfstammelingen fan syn dochters, de Burmania's en de Greven fan Wassenaer-Obdam, letter noch grytman fan Frjentsjerteradiel. Uteinlik waard de state yn 1803 ôfbrutsen.

Yn 'De Tegenwoordige Staat van Friesland' út 1786 stiet te lêzen: 'heden bestaat het voorname sieraad des dorps in de fraaje State Goslinga, ten Zuiden der Kerk gelegen, en in de voorige eeuw gesticht door den grietman Johan van Goslinga: van deeze plaats loopt eene lange allee naar den grooten rydweg van Franeker op Leeuwarden.' Fan de hân fan Jacob Stellingwerf is gjin tekening bekend fan de Goslingastate. Gelokkich waard de state wol fêstlein op een fraaie kleurtekening dy't net sinjeard is, mar mooglik fan de hân fan Abraham de Haen (1707-1748) wêze kin. Dy tekener makke yn 1734 kleurtekeningen fan Marsum en Tsjummearum. It opskrift is: "'t Huis van den Hr. Goslinga, pleni potentianida te Doengjum bij Franeker." Pleni potentia kin 'ryk oan macht' betsjutte, mar wat -nida betsjut is ûndúdlik. It is wol seker dat it opskrift op Sicco fan Goslinga slacht.

Op de ôfbylding is tusken de beammen troch net sa folle fan de state te sjen. It wie yn elk gefal in breed en net sa'n djip gebou fan twa ferdjippings ûnder in skylddak mei mânske hoekskoarstiens. Rjochts fan de doar binne fjouwer ramen te sjen en derfan útgeande dat it hûs symmetrysk boud is, sille oan de oare kant grif ek fjouwer ramen sitten hawwe. Links binne ûnder de beammen noch wat oanbouwen sichtber, mooglik binne dat stâlen en in koetshús. It foarplein wie tagonklik oer in daam yn de grêft, dêr't in grut stek op stie. Hielendal rjochts op de tekening is noch in teekoepel te sjen. Yn de tsjerke fan Doanjum is in fraai prealgrêf setten, troch de bern fan Sicco, dat makke waard troch de foaroansteande byldhouwer Jean Baptist Xaverij.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • begjin 17e iuw Johan fan Goslinga
  • - 1731 Sicco fan Goslinga

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: