Gooilust

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
's-Gravelân yn 1636
Gooilust, westkant
Gooilust, súdkant
Gooilust, noardkant

Gooilust is de meast súdlike bûtenpleats yn 's-Gravelân. It lânguod hat in oerflak fan 97 hektare en is sûnt 1934 eigendom fan Natuermonuminten. It leit oan it Zuidereinde 49, en de eastkant grinzet oan de Corversbosk yn Hilfertsom.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 7 juny 1634 waarden 27 kavels yn 's-Gravelân ferlotte ûnder seis gadingmakkers. Guon belangstellenden koften mear as ien kavel, oaren dielden in kavel. De kavels binne op de kaart nûmere fan Súd nei Noard. Gooilust leit op kavel 22.

East fan dy rige bûtens waard yn dy tiid in soad sân ôfgroeven: in lyts part om de bûtens ferheegje te kinnen, benammen dêr't de huzen kamen, de rest waard ôffierd nei Amsterdam en waard brûkt foar de útwreiding fan de stêd. Tusken de ôfgravings en de lângoeden leine de Noksleat en de 's-Gravelânske Feart, dy't foar goede ôfwettering soargen.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kavel 22 gie yn 1634 nei P.C. Hooft en Godert fan Reede, dy't it stik lân as belizzing koften, om de sânôfgravings. Hooft en syn frou Leonora Hellemans wennen op it Muiderslot; de famylje fan Reede bewenne Kastiel Amerongen.

Yn 1657 wie Jacob Bicker, hear fan Engelenburg, eigener en hie dêr in pleats, mooglik as bûtenpleats. Fyftich jier letter wurdt Mattheus de Vicq as eigener neamd.

Yn 1726 koft Jacob fan Strijen Quirijns kavel 22 en neamde it steed 'Rondombedrogen'. Hy ferkoft it yn 1741 oan Daniel Deutz, dy't de namme feroare ta Gooilust. Hy wenne der oant 1762.

Yn 1762 waard de Mennniste keapman Gijsbert Antwerpen Verbrugge fan Freyhoff eigener fan it steed. Hy koft yn 1771 de kavel dernêst, kavel 21, derby fan Jacob Roeter, eigener fan Trompenburgh (kavel 20). It wie doe in agrarysk stik lân.

Om 1779 liet mr. Gerrit Corver Hooft, bewâldsman fan de WYK en kommissaris fan Amsterdam, it hjoeddeiske hûs op Gooilust bouwe op de grins fan kavel 21 en 22. Tusken 1778 - 1786 waard der in romme geometryske tún omhinne lein. De haadas dêrfan is de leane nei it hûs ta. Der komt ek in moai stjerrebosk. Yn 1786 keapet Corver Hooft kavel 23, dêr't it steed 'Bouwzicht' leit, derby.

De moade feroare en tusken 1816 en 1828 feroare túnarsjitekt Jan David Zocher jr. de geometryske tún yn in park mei Ingelske lânskipsstyl.

Tusken 1895 - 1936 krige Gooilust in arboretum mei lânsfrjemde planten en beammen. Eigener yn dy tiid wie Louise Digna Catharina Six (1862 - 1934), dy't der wenne mei har man Frans Ernst Blaauw (1860 - 1936). Hja fermakke har bûten yn 1934 oan de Feriening ta Behâld fan Natuermonuminten.

Aha[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It liket oft de tún fan it bûten daliks oergiet yn it efterlizzende stik lân. Der leit in djippe groppe tusken tún en lân dy’t út de hûs wei net te sjen is. By it sjen fan dy greppel rôp men ‘aha’ . Dêrom wurdt de greppel noch aha neamd.

De Ingelske lânskipsstyl yn de 19e iuw stribbe nei in sa natoerlik mooglik lânskip. De tún moast in ienheid foarmje mei it gebiet deromhinne. De aha is sa breed en djip dat it foar it fee ûnmooglik is en kom yn de tún. Om 1900 rûnen yn dat stik lân gnoes, bysbokken, kangoeroes en bizons fan de doetiidske eigener Frans Ernst Blaauw. Der stiet no in stek om it lân dat der dus eigentlik net heart; Natuermonuminten hat it stean litten foar de feiligens.

De bosk fan Blaauw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bosk fan Blaauw

Njonken it bûten stiet in kolleksje lânsfrjemde beammen. Dy binne om 1900 setten troch Blaauw. By in tal beammen steane nammeplaatsjes. Op Gooilust binne noch mear eleminten dy’t yn opdracht fan Blaauw oanlein binne of útwreide, lykas de rodendrumfallei, de stjerrebosk en de siertún. In soad minsken kenne Gooilust dêrom ûnder de namme ‘De bosk fan Blaauw’.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: