Goodyear (Arizona)

Ut Wikipedy
Goodyear
Stedhûs fan Goodyear
Stedhûs fan Goodyear
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Arizona
County Maricopa
Boargemaster Georgia Lord
Sifers
Ynwennertal 65.275 (2010)
Oerflak 301,6 km²
Befolkingsticht. 62,7/km²
Stêdekloft Phoeniks
Hichte 295 m
Oar
Stifting 1917
Postkoade 85338, 85395
Tiidsône MST (UTC-7)
Koördinaten
Offisjele webside
www.goodyearaz.gov
Lizzing fan Goodyear yn county Maricopa

Goodyear is in stêd yn de Amerikaanske steat Arizona. It plak makket diel út fan de 'county' (provinsje, distrikt) Maricopa en leit yn de stêdekloft Phoeniks. Yn 2010 wie it ynwennertal fan de stêd 65.275, en neffens in skatting yn 2015 wennen der doe 79.003 minsken.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Goodyear waard stifte yn 1917 doe't de Goodyear Tire and Rubber Company dêr 65 km² lân kocht foar de bou fan katoen, dat nedich wie foar it meitsjen fan triedden foar de rubberbannen. De oanlis fan in fleanfjild yn de Twadde Wrâldoarloch wie in opstekker foar Goodyear, mar nei de oarloch sakke de ekonomy yn. Goodyear waard 19 novimber 1946 in lyts stedsje ('town'). Yn dy tiid hie it plak 151 huzen en 250 apparteminten, in winkel, in kapperssaak en in benzinestasjon.

De town (lytse stêd) Goodyear waard in city (grutte stêd) yn 1985. De Phoenix Goodyear Airport krige syn hjoeddeiske namme yn 1986.

Yn de jierren 90 en de earste 20 jier fan de 21e iuw kaam der in protte nijbou en waakste it tal bewenners hurd. Der wurdt ferwachte dat Goodyear's befolking yn 2035 sa'n 358.000 wêze sil.