Springe nei ynhâld

Gone with the Wind (roman)

Ut Wikipedy
Omslach fan de earste printinge fan Gone with the Wind, 1936.

Gone with the Wind (Ingelsk, likernôch: "Ferdwûn mei de wyn") is in roman fan de skriuwster Margaret Mitchell út de Feriene Steaten, fan 1936.

De haadpersoan fan it boek is Scarlett O'Hara, in frijfochten jonge frou út de Amerikaanske steat Georgia. It ferhaal giet foar in grut part oer har omgong mei freonen, famyljeleden en frijers yn de perioade foar, ûnder en nei de Amerikaanske Boargeroarloch. Yn Rhett Butler, in slûchslimme man mei in net al te respektabele reputaasje, moetet hja har gelikense, en tusken de twa ûntstiet in soarte fan haat-leafdeferhâlding. Hoewol't it boek ynearsten oer de relaasje tusken de ferskate haadpersoanen giet, biedt it ek in goed oersjoch fan de boargerkriich en de neisleep dêrfan.

Sawol it boek as de Oscar-winnende film is noch altyd populêr. Oan it boek waard yn 1937 de Pulitzerpriis takend. De film, produsearre troch David O. Selznick en regissearre troch George Cukor, kaam út yn 1939. De haadrollen waarden fertolke troch Vivien Leigh (Scarlett) en Clark Gable (Rhett).