Goliat
| Goliat | ||
| David ûnthalzet Goliat | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| alternative nammen | Goliath | |
| berne | 11e iuw f.Kr. (trad.) | |
| berteplak | Gat | |
| ferstoarn | 11e iuw f.Kr. | |
| stjerplak | Delling fan Ela | |
| leeftyd | ûnbekend | |
| folk | Filistynsk | |
| Famylje | ||
| sibben | mooglik bruorren (sjoch 2 Samuël 21) | |
| Bibelske rol | ||
| rol | Filistynsk kampfjochter | |
| perioade | bewâld fan kening Saul | |
| bekend fan | it gefjocht mei David | |
| neamd yn | 1 Samuël 17; 2 Samuël 21 | |
| religieuze tradysje | joadedom; kristendom; islam | |
Goliat is yn it Alde Testamint de Filistynske reus dy't troch de noch jonge David mei in slinger en in stientsje ferslein waard. It ferhaal oer Goliat en David is optekene yn it bibelboek 1 Samuël 17 yn in tiid (± 1020–1000 f.Kr.) dat de Filistinen hieltiten wer striid hienen mei de Israeliten.
De Filistinen wennen oan 'e súdwestlike kust fan Kanaän en besochten hieltiten wer harren gebiet op kosten fan Juda út te wreidzjen. Hja brochten in leger by inoar yn Soko, dat doe by Juda hearde. Kening Saul fan Israel brocht ek in leger by inoar, dat it kamp opsloech yn 'e Terebintedelling en liet syn leger yn slachoarder opstelle foar dat fan 'e Filistinen oer. Dizze kear hiene de Filistinen in troef yn hannen, de ûnbidich grutte kampfjochter Goliat.
Goliat kaam út de stêd Gat (mooglik it hjoeddeiske Tell es-Safi) en neffens de Bibelske tekst wie Goliat seis el en in span lang, wat delkomt op likernôch 3 meter. Hy wie yndrukwekkend útrist mei in brûnzen helm, in skobbich harnas fan wol 57 kilo, en in spear wêrfan't de punt allinnich al sa'n 7 kilo woech. In skylddrager rûn foar Goliat op.
David en Goliat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Filistinen en de Israeliten stiene oar inoar oer yn 'e Elah-delling. Fjirtich dagen kaam Goliat alle moarns- en jûntiden nei foaren om de Israeliten út te laitsjen en út te daagjen ta in twastriid: as harren kampioen him deadzje soe, soene de Filistinen tsjinners wurde of oarsom.
Wylst it hiele leger fan kening Saul deabenaud wie, wie de jonge hoedersfeint David de iennichste dy't it oandoarde te fjochtsjen. Kening Saul woe lykwols net dat de jonge David de striid oangie mei Goliat en fûn him fierstente jong en ûnbetûft as strider. David wie gjin soldaat en hie gjin ûnderfining mei it dragen fan in harnas of it brûken fan tradisjonele wapens en dêrnjonken wie it eins wol wis dat Goliat David soe ferslaan en de konsekwinsje wie dat dan de Israeliten tsjinners wurde moasten fan 'e Filistinen.
Uteinlik wist David Saul te oertsjûgjen troch te fertellen hoe't er as hoeder in liuw en in bear deade hie om syn skiep te beskermjen. Hy fertroude derop dat God, dy't him doe rêden hie, him ek tsjin de Filistyn helpe soe. Nei dat ferhaal joech Saul tastimming mei de wurden: "Gean dan, en de Heare sil mei dy wêze". Dêrnei luts Saul David syn eigen kriichsklean oan, sette him in brûnzen helm op 'e holle en die him in pânser om. David besocht dêrnei yn it swiere harnas in pear stappen te rinnen, mar dat slagge him net en die doe alles wer út.
Mei in stok yn syn hân en in ienfâldige slinger mei fiif stientsjes gyng er de útdaging mei Goliat oan. Doe't Goliat syn tsjinstanner seach wie hy slim yn syn eare oantaast. Goliat rôp: 'Bin ik in hûn, datstû mei stokken op my ôf komst?" Hy fûn it in mislediging dat David net iens mei in swurd of spear kaam. Hy ferflokte David en drige "Kom mar op, dan jou ik dyn fleis oan de fûgels yn 'e loft en oan 'e wylde bisten op it lân". Mar David liet him net intimidearje en sei: "Dû komst op my ôf mei swurd, spear en lans, mar ik kom op dy ôf yn 'e namme fan 'e Heare fan 'e himelske machten, de God fan Israels slachoarders dystû útdage hast" en hy gie noch fierder troch te roppen dat hy Goliat de deadsklap jaan soe en him ûnthalzje soe.

Caravaggio
Fuort neidat David de reus tasprutsen hie pakte er in stien út syn tas en slingere dy sa hurd nei Goliat, dat de stien yn 'e foarholle fan Goliat sloech. De klap wie sa hurd dat Goliat fuort delsakke en mei it gesicht op 'e grûn foel. Doe't de reus dêr lei, rûn David derop ta, pakte it ûnbidich grutte swurd fan Goliat en sloech him dêrmei de holle ôf. Dat swurd bewarre David as oantinken en hy liet it by de prysters yn Nob bewarje. Jierren letter, doe't David sels flechtsje moast foar kening Saul, krige er dat swurd fan Goliat werom om himsels te ferdigenjen (1 Samuël 21:1-9).
Doe’t de Filistinen seagen dat Goliat fallen wie, ferlearen se alle moed; hja draaiden harren om en setten it op in rinnen. De mannen fan Israel en Juda lieten it der net by sitte en setten de efterfolging yn en jagen de Filistinen op oant de poarten fan 'e Filistynske stêden Gat (it berteplak fan Goliat) en Ekron. David naam de holle fan Goliat mei en brocht dy nei Jeruzalim.
Fiif stientsjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens lettere teksten yn 'e Bibel (2 Samuël 21:15-22) wennen der yn Gat noch fjouwer oare reuzen: Jisjby-Benob, Saf, Lachmy (de broer fan Goliat) en in nammeleaze reus mei seis fingers oan elke hân en seis teannen oan elke foet. Guon tinke dat David op alles taret wie: as de bruorren fan Goliat wraak nimme woene, hie hy ek foar har in stientsje by him.[1]
Golgota
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der bestiet in spekulative teory dat de namme Golgota (it plak dêr't Jezus krusige is) ôflaat is fan "Goliat-Gata". Guon tinke dat de holle fan Goliat dêr begroeven waard en dat soe de ferklearring wêze fan de betsjutting skedelplak.[2]
Jalut
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e islamityske tradysje hjit Goliat Jalut (Arabysk: جالوت). Hy wurdt yn 'e Koran neamd yn soera 2:249-251. Dêr wurdt skreaun hoe't Dawud Jalut deade.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
