Golf fan Amundsen

Ut Wikipedy
Golf fan Amundsen
Map indicating Amundsen Gulf, Northwest Territories, Canada.png
Lokaasje Noardwest Territories, Kanada.
See Noardlike Iissee
Koördinaten {{{koordinaten}}}
Oerflakte
Djipte (maks.) m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte m
Breedte 150 km
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte {{{breedtemax}}}
Lingte 400 km
Oer
Canada2.A2002165.1940.250m.jpg

De Golf fan Amundsen is in golf fan de Kanadeeske Noardwest Territories, tusken Bankseilân, Viktoria-eilân en it fêstelân. De Golf fan Amundsen grinzet yn it westen oan de Beaufortsee.

De Golf fan Amundsen waard tusken 1903 en 1906 ferkend troch de Noarske ûntdekkingsreizger Roald Amundsen. De golf leit oan de westein fan de Noardwest Passaazje, in farrûte fan de Atlantyske Oseaan nei de Stille Oseaan.

De kusten fan de golf binne tinbefolke, mar der lizze in stikmannich plakken, sa as: Sachs Harbour, Ulukhaktok en Paulatuk.

Winterdeis is de see folslein beferzen. Gewoanwei ferdwynt it iis yn july, mar op guon plakken yn it úterste easten en noarden fan de golf kin it ek wol mids augustus wurde.