Springe nei ynhâld

Goldmanstikelmûsgoffer

Ut Wikipedy
goldmanstikelmûsgoffer
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftkjifdieren (Rodentia)
famyljemûsgoffers (Heteromyidae)
skaaistikelmûsgoffers (Heteromys)
soarte
Heteromys goldmani
Merriam, 1902
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De goldmanstikelmûsgoffer of Goldmans stikelmûsgoffer (wittenskiplike namme: Heteromys goldmani) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûsgoffers (Heteromyidae) en it skaai fan 'e stikelmûsgoffers (Heteromys). Dit bistke komt foar yn in beheind ferspriedingsgebiet op 'e grins fan Meksiko en Gûatemala. De goldmanstikelmûsgoffer is in leechlânbewenjend nachtdier mei in wierskynlik fierhinne (mar net folslein) herbivoar dieet. De IUCN hat gjin beoardieling fan dizze soarte.

De goldmanstikelmûsgoffer waard foar it earst yn 1902 wittenskiplik beskreaun troch de foaroansteande Amerikaanske mammalooch C. Hart Merriam. Dyselde ferneamde it bistke nei syn kollega Edward Alphonso Goldman, mei't de earste spesimina fan dizze soarte fongen wiene troch in ekspedysje dy't ûnder lieding stie fan Goldman en Edward William Nelson. (Nei Nelson ferneamde Merriam in oare soarte, de nelsonstikelmûsgoffer, Heteromys nelsoni). De goldmanstikelmûsgoffer wurdt troch guon autoriteiten, wêrûnder de Ynternasjonale Uny foar Behâld fan 'e Natoer (IUCN), as in ûndersoarte fan 'e desmareststikelmûsgoffer (Heteromys desmarestianus) beskôge, mar dêr bestiet gjin wittenskiplike konsensus oer.

De fersprieding fan 'e goldmanstikelmûsgoffer is beheind ta it uterste súdlike diel fan 'e Pasifyske kust fan 'e Meksikaanske steat Chiapas en it oanbuorjende súdwesten fan Gûatemala.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De goldmanstikelmûsgoffer is in frij grutte stikelmûsgoffer. Hy hat trochinoar in kop-romplingte fan 14,7 sm, mei in sturtlingte fan 19 sm en in gewicht fan 44 g. De earkes mjitte 1,8 sm en de efterpoaten hawwe in lingte fan 3,6 sm. Der bestiet yn dizze soarte gjin seksuele dimorfy wat lichemsgrutte of kleuring oanbelanget. De pels is rûch mei op 'e rêch en de siden ferstive stikels troch it hier hinne. De rêch en oare boppeste lichemsdielen binne dûnkergriis útskaaiend nei swart mei hjir en dêr in okerkleurich plak, wylst de bealch en de oare ûnderste lichemsdielen in witige kleur hawwe. In sânkleurige streek yn 'e lingterjochting oer de siden, sa't dy by in protte oare soarten stikelmûsgoffers de beide kleurflakken faninoar skiedt, ûntbrekt by de goldmanstikelmûsgoffer.

De goldmanstikelmûsgoffer is benammen in bewenner fan subtropyske en tropyske reinwâlden yn it leechlân. De soarte komt foar fan 45–1860 m boppe seenivo.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it hâlden en dragen fan 'e goldmanstikelmûsgoffer is mar in lyts bytsje bekend, mei't der noch mar amperoan ûndersyk nei dit bistke dien is. It is in nachtdier mei in terrestryske libbenswize. De dei bringt er troch yn in nêst dat er oanleit yn in ûndergrûnske hoale, in rotsspjalt of in leech pleatste beamholte. Goldmanstikelmûsgoffers libje yn pearkes of lytse groepen en binne dêrmei in stik sosjaler as in protte oare soarten stikelmûsgoffers, dy't in solitêr bestean liede. As de goldmanstikelmûsgoffer op it mêd fan fretten fan nau besibbe soarten hat, is it in omnivoar, mei in dieet dat foar fierwei it meastepart bestiet út sieden en oar plantaardich materiaal, yn beheinde mjitte oanfolle mei ynsekten. Oer de fuortplanting is neat mei wissichheid te sizzen.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e goldmanstikelmûsgoffer binne ferskate soarten ûlen, lykas de Amerikaanske goudûle (Tyto furcata), en fierders lânrôfdieren lykas de grize foks (Urocyon cinereoargenteus), de prêrjewolf (Canis latrans), de jagûarûndy (Herpailurus yagouaroundi), de Middenamerikaanske katfret (Bassariscus sumichrasti), de langsturtwezeling (Neogale frenata) en ferskate soarten slangen.

De goldmanstikelmûsgoffer wurdt troch de IUCN lykslein mei de desmareststikelmûsgoffer (Heteromys desmarestianus) en is dêrom net op status beoardiele. Mar yn acht nommen dat it ferspriedingsgebiet tige beheind is en dat gaadlik habitat oanhâldend ferlern giet troch ûntbosking, liket it hjir om in bedrige soarte te gean.

De goldmanstikelmûsgoffer is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten fan besteane.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side, en ûnder: Belege en Literatur, op dizze side.