Goirle (gemeente)
Goirle | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
![]() | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
Goirle is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân mei 24.353 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 42,99 km² (wêrfan 0,39 km² wetter).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Goirle hearde tradisjoneel ta de hearlikheid Tilburch en Goirle. Al yn 1795 wiene der plannen om beide plakken selsstannich te meitsjen, itjinge yn 1803 útfierd waard doe't Tilburch en Goirle selsstannige gemeenten waarden. By de gemeentlike reorganisaasje op 1 jannewaris 1997 soe Goirle ynearsten by Tilburch foege wurde, mar nei fûl protest bleau Goirle lykwols selsstannich en waard de gemeente útwreide mei Riel, dy't oant doe ûnder gemeente Alphen en Riel foel.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e gemeente lizze njonken Goirle en Riel noch in oantal buorskippen: Breehees (tusken Goirle en Riel), Hoogeind (súd fan Goirle) en Nieuwkerk-Goirle (oan 'e Belgyske grins tichteby Poppel, Belgje).
Goirle
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Goirle is it haadplak fan 'e gemeente. Yn it sintrum stiet de 19e-iuwske Jehannes de Dopertsjerke, dy't in midsiuwske toer hat. Mûne 'De Visscher' is in histoaryske mûne, dy't hjoed-de-dei troch nijbou omklamme wurdt. De mûne 'De Wilde' waard yn 1898 boud. Goirle telt fierder ferskillende, foar de krite typyske boerepleatsen.
Goirle wurdt yn 'e tiid fan karnaval 'Ballefruttersgat' neamd.
Riel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn Riel stiet de foarse Sint-Antonius Abttsjerke. In yndustriëel monumint is de eardere loaierij Vermeulen. Ek Riel hat in oantal langgevelpleatsen. Yn it doarp stiet in monumint foar Karl-Heinz Rosch, in Dútske soldaat dy't by de befrijing fan it doarp yn 1944 syn libben joech om twa doarpsbern it libben te rêden. It monumintsje is opdroegen oan Karl-Heinz Rosch en elk 'dy't it goede dienen yn kweade tiden'.
De karnavalsnamme hjit Riel 'Peeënrijk'.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Goirle stiet tradisjoneel bekend om syn tekstylyndustry, wêryn't in oantal famyljes in wichtige rol spilen. Alhoewol't der noch twa tekstylfabriken binne yn Goirle, is Goirle fral in forinzeplak by Tilburch.
Natoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- De Regte Heide is in heidegebiet fan it Brabânsk Gea fan likernôch 250 hektare. Op 'e heide binne yn it lânskip dúdlik sân grêfheuvels te sjen út de Midden-Brûnstiid (2000-700 f.Kr.).
- It Riels Laag leit tusken Goirle en Riel en omfiemet de beekdelling fan 'e Lei. It gebiet wurdt beheard troch it Brabânsk Gea.
- It lângoed Gorp en Roovert bestiet út likernôch 800 hektare bosk en 370 hektare ikkers en it eigendom fan 'e tekstylfamylje Van Puijenbroek.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeenten yn Noard-Brabân | ![]() |
---|---|
Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |
![]() ![]() ![]() |