Goirkeske tsjerke
| Goirkeske tsjerke | ||
| Lokaasje | ||
| provinsje | ||
| plak | ||
| adres | Goirkestraat 68 | |
| koördinaten | 51°48'N 5°00'E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| patroanhillige | Dionysius fan Parys | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | H. Essen (1835) C.H. de Bever (1938) | |
| boujier | 1839 | |
| boustyl | neogotyk | |
| monumintale status | ||
| monumintnûmer | 521052 | |
| Webside | ||
| Parochy Peerke Donders | ||
| Kaart | ||
De Goirkeske tsjerke of de Sint-Dionysiustsjerke is in neogoatysk tsjerkegebou yn 'e Goirkestraat yn Tilburch Ald-Noard. Nei de Heikeske tsjerke is it de âldste tsjerke fan 'e stêd en de earste neogoatyske wettersteatstsjerke fan Nederlân (Willem II-goatyk). De tsjerke, hoewol relatyf ienfâldich fan oansjen, hat in relatyf ryk ynterieur.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De parochy is wijd oan Dionysius fan Parys en skiede him yn 1797 fan 'e parochy fan Tilburch ôf, dy't oan 'e selde hillige wijd wie.
De tsjerke is no de haadtsjerke fan 'e Peerke Donders-parochy, dy't yn 2015 ûntstien is út in fúzje fan 'e parochy De Bron (Goirke), De Vlaspit (Enschotsestraat), de parochy Frater Andréas (Lukastsjerke) en de parochy Montfort.
Skuorretsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eartiidske buorskip Goirke hie yn 1715 al in liemen skûl- of skuorretsjerke. De parochypryster wie Walter Coolen. De iepenbiere fiering fan 'e katolike earetsjinst wie doe ferbean troch de Steatske oerheid. Sûnt 1668 waarden lykwols tydlike tsjerketsjinsten hâlden yn it tichteby lizzende kastiel Tilburch. De liemen skûltsjerke stoarte yn 1724 yn en waard (meardere kearen) werboud.
Yn 1718 waard njonken de tsjerke in pastorije boud. De skuorretsjerke yn Tilburg-Súd (Heike) waard ek fanút dy pastorije betsjinne. Doe't de pastorije yn 1724 útwreide, waard ek in doopkapel boud. De pastorije waard yn 1927 ôfbrutsen, mar it poartegebou (de Norbertynske poarte) mei doophûs en in stânbyld fan Sint-Dionysius bleaunen bewarre.
Neidat de iepenbiere earetsjinst yn 'e Napoleontyske tiid wer tastien waard, waard de skuorretsjerke ek fan bûten moaier makke. Yn 1814 krige it in lytse koepel mei in klok. Dy waard yn 1819 ferfongen troch in echte toer, wêryn't trije klokken hongen.
Hjoeddeiske tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dochs seach de skuorretsjerke der earmoedich út en woenen se in nije tsjerke. Foar dat doel waard de help fan prins Willem II ynroppen, dy't yn Tilburch wie. It fersyk om subsydzje waard yn 1834 troch syn heit goedkard en it takende bedrach wie útsûnderlik heech, nammentlik 25.000 gûne.
De hjoeddeiske tsjerke waard tusken 1835 en 1839 boud. It is in wettersteatstsjerke yn in iere neogoatyske styl, ek wol bekend as stúkadoarsgotyk of Willem II-gotyk. It is ien fan 'e earste neogoatyske tsjerken yn Nederlân. Ek útsûnderlik foar dy tiid wie dat de tsjerke in basilyk wie en net, lykas yn dy tiid faker it gefal in seal- of halletsjerke. De tsjerke krige krúsribferwulften fan stúkwurk. De gevel wie noch foar in grut part neoklassisistysk fan styl en waard mei in toer mei in koepelfoarmich dak bekroand. De arsjitekt wie H. Essens, berne yn 1776 en opsichter fan Iepenbiere Wurken.
Yn 'e jierren 1902-1903 waard de tsjerke ferboud, wêrby't de gevel en toer fernijd waarden yn neogoatyske styl en de skylddakken boppe de sydskippen ferfongen waarden troch lessenerdakken.
In oare grutte ferbouwing fûn plak yn 1938, doe't it koer troch in nij koer ferfongen waard en in dwersskip en in grutte krusingstoer neffens in ûntwerp fan Kees de Bever boud waard. Dat alles barde yn 'e tradysje fan 'e Delftske Skoalle. Yn 'e apsis waard in beskildering oanbrocht troch Jos ten Horn .
Der wiene ek plannen om it skip te fernijen, mar dat gie troch it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldkriich net mear troch. Dêrfandinne bleau it skip bewarre as ien fan 'e earste foarbylden fan 'e Nederlânske neogotyk. Yn 1966 waard it geveltuorke ôfbrutsen en net ferfongen.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De tsjerke hat in sulveren monstrâns yn in rike barokstyl út 1715 en ôfkomstich út 'e skuorretsjerke. Fierder in 17e-iuwske skilderij fan 'e ûnthalze Jehannes de Doper. De houten bylden fan 'e hilligen Norbertus en Quirinus datearje út 'e earste helte fan 'e 18e iuw. Ut de midden fan 'e 18e iuw stiet in houten byld fan Sint-Barbara.
Yn 'e 19e iuw waard de ynvintaris útwreide mei meubilêr dat benammen ferwiisde nei de barok, wat net mei de boustyl fan 'e tsjerke oerien kaam. Yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw feroare dat mei de searje bylden fan hilligen oan 'e pylders fan 'e tsjerke, wylst om 1900 hinne ek neogoatyske sydalters boud waarden, wijd oan Marije en de Hillige Famylje.
It ynterieur waard tusken 2008 en 2015 yngreven restaurearre. In soad beskilderingen waarden werombrocht yn 'e oarspronklike steat. Dat projekt ûnder lieding fan Leo Scholten wûn de Nasjonale Skilderspriis 2017.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Smits-oargel waard yn 1904 boud.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen sjoch nl:Goirkese kerk
|
