Goede Wike
| Goede Wike | ||
| Yntocht yn Jeruzalim | ||
| Algemien | ||
| Type | Religieus | |
| Religy | Kristendom | |
| Lannen / regio's | Wrâldomfiemjend | |
| Datum | Wikseljend (maart/april) | |
| Perioade | 7 dagen (fan Palmpeaske oant Peaskesnein) | |
| Frekwinsje | alle jierren | |
| Ynhâld | ||
| Betsjutting | Betinking fan it lijen, de krusiging en de opstanning fan Jezus Kristus | |
| Tradysjes | prosesjes, tsjerketsjinsten, fêstjen | |
| Fiering | Liturgyske fieringen yn tsjerken, stille tochten | |
| Symboalen | Krús, palmtûken, passybylden | |
| Religieus | ||
| God / hillige | Jezus Kristus | |
| Hillige teksten | Bibel (benammen de evangeeljes) | |
| Liturgyske perioade | De wichtichste wike fan it tsjerklik jier | |
| Tiid | ||
| Earste kear | ierkristlike tiid (± 4e iuw) | |
| Ferbûn mei | Peaske | |
| Foarôfgeand | Fêsteltiid | |
| Neifolgjend | Peasketiid | |
| Oar | ||
| Frije dei | Foar in part (bygelyks Goed Freed yn guon lannen/beroppen) | |
| Offisjele status | Religieuze perioade | |
De Goede Wike (ek wol Stille Wike, Hillige Wike of Lijenswike neamd; Latyn: Hebdomas Sancta of Hebdomas Maior) is yn it kristendom de namme foar de wike wêryn't it lijen, stjerren en de ferrizenis fan Jezus betocht wurdt. It binne de lêste dagen fan 'e Fjirtichdagentiid, dy't mei Jiskewoansdei begjint.
Liturgy en betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Goede Wike en Peaske wurde oer it generaal as de wichtichste liturgyske heechtijdagen beskôge; al wurdt Kryst, teminsten yn it Westen, troch it folk faak útbundiger fierd. De Goede Wike hat as swiertepunt it saneamde Triduum Sacrum, dat bestiet út de trije betinkingsdagen Wite Tongersdei, Goed Freed en Stille Sneon.
Dêr't de Tridentynske ritus brûkt wurdt, duorret de passytiid noch in wike langer, om't dêr al in wike earder mei it lêzen fan it lijensferhaal útein set wurdt, nammentlik op Passysnein (de snein foar Palmpeaske).
Easterske otterdoksy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eastersk-otterdokse tsjerken brûke faak de Juliaanske kalinder foar de bepaling fan Peaske, wêrtroch't de otterdokse Goede Wike en Peaske faak op oare data falle as yn it Westen.
Oersjoch fan 'e Goede Wike
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kalinder fan 'e Goede Wike mei de barrens neffens de Hillige Skrift.
| datum yn joadendom* | liturgyske kleur** | kristlike beneaming | barren | beskreaun yn | tradysjes / bysûndere gewoanten*** |
|---|---|---|---|---|---|
| 10 nisan | read | Palmpeaske | Jezus kaam Jeruzalim yn op in ezelsfôle. De minsken leinen mantels op 'e grûn en swaaiden mei palmtûken. | Mattéus 21:1-11; Markus 11:1-11; Lukas 19:28-40; Johannes 12:12-18 | • Prosesjes troch tsjerken. • Bern meitsje krusen dy't mei hoannen en linten fersierd binne. • Nije palmtûkjes wurde oer de hûskrusifiksen stutsen. |
| 11 nisan | pears | Hillige Moandei | Jezus giet nei de timpel en jaget de hannelers derút. De figebeam wurdt ferflokt. | Mattéus 21:12-22; Markus 11:12-19; Lukas 19:45-48 | • Yn guon lannen prosesjes mei ikoanen. • Dei fan stilte en refleksje. |
| 12 nisan | pears | Hillige Tiisdei | Jezus jout ûnderwiis yn 'e timpel, fertelt likenissen en sprekt oer syn werkommen. | Mattéus 21–25; Markus 11–13; Lukas 20–21 | • Liturgyske lêzingen en besinning oer de lear en warskôgingen fan Jezus. • Yn guon tsjerken ekstra lêzingen en gebeden. |
| 13 nisan | pears | Hillige Woansdei | Plannen fan it Sanhedrin om Jezus te deadzjen. Judas Iskariot beslút Him te ferrieden. Salving yn Betanië | Mattéus 26:1-16; Markus 14:1-11; Lukas 22:1-6 | • As tarieding op 'e trije hillige dagen waard eartiids foar it oanbrekken fan it Triduum Sacrum (de trije hillige dagen) hûshimmele, sadat alle smoargens op 'e tiid it hûs út wie. Ek waarden wol krûden sammele om it hûs fris rûke te litten. |
| 14 nisan | wyt | Wite Tongersdei | Lêste jûnsmiel, ynstelling fan it Nachtmiel, fuotten waskje (Johannes). Nei it miel: gebed yn Getsemane en arrestaasje. | Mattéus 26; Markus 14; Lukas 22; Johannes 13–18 | • Klokken swije oant Peaskesnein, soms nimme rattels de funksje fan klokken of beltsjes oer. • Altaren en krusifiksen wurde mei doeken oerdutsen. • Wat blinkt of skynt yn 'e tsjerke (lykas kandlers) wurdt ferwidere. • Fuotwaskjen fan learlingen of parochianen (yn guon tsjerken praktysk útfierd). • Kommuny of jûnsmiel. • De tsjinst einiget sûnder ôfsluting mei de segen. Nei de paaswake op Stille Sneon wurdt de tsjinst wer ôfsletten mei de segen. |
| 15 nisan | read | Goed Freed | Feroardieling troch Pilatus, krusiging en dea fan Jezus, begraffenis troch Joazef fan Arimatéa. | Mattéus 27; Markus 15; Lukas 23; Johannes 18–19 | • It bidden fan 'e krúswei. • Stille prosesjes mei ikoanen • Soberens, gjin fleis ite. • Lêzingen fan it passyferhaal • Yn katolike lannen is de muzyk op 'e radio ynbannich en klassyk. |
| 16 nisan | wyt | Stille Sneon of Peaskesneon | Jezus leit yn it grêf. Wachters by it grêf (Mattéus). Folgelingen hâlde sabbat. | Mattéus 27:62–66; Lukas 23:56 | • Dei fan rou en ôfwachtsjen. • Paaswake: oergong fan dea nei libben en it binnendragen fan 'e nije peaskekears. • Ein fan 'e fêsteltiid. |
| 17 nisan | wyt (of goud) | Peaskesnein | Opstanning fan Jezus. | Mattéus 28; Markus 16; Lukas 24; Johannes 20 | • Feestlike fieringen, prosesjes, alle kearsen baarne. • Feestlik miel • Beskilderjen fan aaien. |
(*) De joadske dei begûn by sinne-opgong, dus hjir en dêr wike de data ôf fan 'e dagen yn it kristendom.
(**) Guon dagen kinne meardere liturgyske kleuren ha. Foar Goed Freed kin bygelyks ek foar swart of pears keazen wurde. De toande kleuren yn 'e tabel binne de liturgyske kleuren dy't yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke brûkt wurde.[1]
(***) De oan 'e dagen ferbûne tradysjes kinne tusken tsjerken en regio's ferskille. Yn Spanje binne bygelyks yn 'e "Semana Santa" tige grutte prosesjes troch strjitten mei pasos (swiere grutte bylden) en nazarenos (minksen yn boetekleed mei puntkappen), dy't oer de hiele wrâld bekend binne.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
