Gnodden
Gnodden (of Gnop) foarmje in famylje fan miggen út de oarder twawjukkigen (Diptera). Se wurde ek wol, knut, knaasjes, knijten, mietsen (Noard-Nederlân), neefjes (Noard-Nederlân), mampieren (Suriname) of meurzen neamd, en soms ek wol zandvliegjes, in beneaming dy't yn faktaal op soarten út de famylje motmiggen of Psychodidae slacht. Wrâldwiid komme der 5989 beskeaune soarten foar.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze tige lytse stekmichjes binne mar 1 oant 4 millimeter. Se hawwe koarte poatsjes, tsjustere plakjes op de wjukken en stikelige mûlstikken.
Fersprieding en leefgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De larven libje yn tige wiete omstannichheden lykas plassen wetter yn beamstronken, yn blêdhoeken of yn oerflaktewetter. In protte soarten binne belangryk as bestower fan planten, ek foar itengewaaksen fan de minske sa as kakao.
Relaasje ta de minske
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rol as fersprieder fan sykte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krekt as stekmiggen sûgje de wyfkes bloed fan wringedieren, wêrûnder de minske, foar har aaien. Har byt kin in slim jokjen feroarsaakje. In tal soarten is troch dit stekken fersprieder (fektor) fan in tal syktes dy't feroarsake wurde troch baktearjes, parasitêre wjirms en firussen. Gnodden binne ûnder oare ferantwurdlik foar de fersprieding fan de sykte blautonge ûnder wjerkôgers. Yn augustus 2006 iepenbiere dizze sykte, dy't gewoanwei yn waarme streken foarkomt, him by Nederlânske skiep. Gnodden kinne fierder it Schmallenbergfirus by har drage. Dit firus kin sykte en misfoarming fan jongen by ferskate soarten fee feroarsaakje. Der binne ek gnoddesoarten dy útslutend parasitêr libje op oare, grutte ynsekten.
Lêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gnodden sjogge jo amper oerdeis yn 'e sinne of by folle moanne, mar mear yn it skaad en oan de ein fan 'e dei wannear't de sinne leech stiet kinne gnodden by minder wyn tige hinderlik wêze. Wat helpt is it goed bedekken fan it lichem en yn beweging bliuwe, se wurde allinne troch fyn muskytgaas tsjinhâlden. De larven fan gnodden kinne yn de natoer foarkomme yn tichtens fan 700 de fjouwerkante meter. Yn in fochtige omjouwing is struktureel allinne wat oan oerlêst fan gnodden te dwaan troch it wetter dêr't dat mooglik is streame te litten of de natoer de romte te jaan, om sadwaande de natuerlike fijannen sa folle mooglik kâns te jaan.
Taksonomy en foarkommen yn Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân binne 110 sosrten út dizze famylje lânseigen, ferdield oer de folgjende skaaien:
- skaai Atrichopogon
- skaai Bezzia
- skaai Ceratopogon
- skaai Clinohelea
- skaai Culicoides
- skaai Dasyhelea
- skaai Forcipomyia
- skaai Kolenohelea
- skaai Macropeza
- skaai Mallochohelea
- skaai Nilobezzia
- skaai Palpomyia
- skaai Probezzia
- skaai Schizohelea
- skaai Serromyia
- skaai Sphaeromias
- skaai Stilobezzia