Glânsstaren
| Glânsstaren | ||
| Lamprotornis caudatus | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| famylje: | protterfûgels (Sturnidae) | |
| skaai: | glânsstaren (Lamprotornis) | |
| Temminck, 1820 | ||
| Soarten | ||
| ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● ● | ||
Glânsstaren of glânsprotters (Lamprotornis) foarmje in grut skaai fan glânzgjende protters, dy't allegear yn Afrika besuden de Sahara foarkomme. Se ha meast glânzgjende blauwe of griene boppedielen, itjinge feroarsake wurdt troch melaninegranules, dy't yn ien laach arranzjearre binne tichteby it oerflak fan 'e flaggen fan 'e fearren. Dy bysûndere omstannichheid late der ta dat guon glânsstaren, dy't earder yn it skaai Spreo stienen, oerhevele waarden nei it skaai Lamprotornis om't se dy eigenskip dêrmei diele.
De ûnderkant fan it skaai is net irisearjend en kin blau, poarper, giel of brún wêze. De measte soarten yn it skaai ha reade eagen en guon ha lange sturten.
It skaai Lamprotornis waard troch de Nederlânske soölooch Coenraad Jacob Temminck yn 1820 beskreaun. As typesoarte waard de Pylksturtglânsstaar (Lamprotornis caudatus) oanwiisd.
Glânsstaren komme yn in grut tal soarten lânskip foar, fan bosk oant iepen bosk en tunen. Se hawwe harren nêsten yn holtes fan beammen, natuerlike holtes, mar ek holtes fan bygelyks spjochten of Afrikaanske burdfûgels. Guon brûke ek troch minsken makke nêstkasten. De measte soarten binne op wat lokale migraasjes nei stânfûgels. Dêrfoaroer is de Shelleyglânsstaar (Lamprotornis shelleyi) in trekfûgel. De meast soarten binne bûten de briedtiid sosjaal en yn groepen te sjen.
Se ite ynsekten en sykje dy yn 'e regel op 'e grûn, mar se ite ek fruit yn 'e beammen. Guon binne ek by of op grutte sûchdieren te sjen om ynsekten te finen.
| Fryske namme | Wittenskiplike namme | Ofbyld | Fersprieding |
|---|---|---|---|
| Blauwe langsturtglânsstaar | Lamprotornis purpuroptera | Sûdan, Eritreä en Etioopje en Tanzania | |
| Brûnssturtglânsstaar | Lamprotornis chalcurus | Fan Senegal troch Nigearia oant Súd-Sûdan en Kenia | |
| Griene langsturtglânsstaar | Lamprotornis caudatus | tropysk Afrika fan Senegal oant Sûdan | |
| Griisboarstglânsstaar | Lamprotornis fischeri (earder Spreo fischeri) | súdlik Etioopje en Somaalje oant eastlik Kenia en Tanzania | |
| Grize glânsstaar | Lamprotornis unicolor (earder Spreo unicolor) | Kenia, Tanzania | |
| Grutte blau-earglânsstaar | Lamprotornis chalybaeus | Senegal eastlik oant Etioopje en súdlik troch eastlik Afrika oant noardeastlik Súd-Afrika en Angoala | |
| Grutte glânsstaar | Lamprotornis australis | súdlik Afrika | |
| Hildebrandtglânsstaar | Lamprotornis hildebrandti (earder Notauges hildebrandti) | Etioopje en Somaalje oant Kenia. | |
| Keningsglânsstaar | Lamprotornis regius | Etioopje en Somaalje oant noardlike Tanzania | |
| Lytse blau-earglânsstaar | Lamprotornis chloropterus | grutte fersprieding ûnder de Sahara | |
| Mevesglânsstaar | Lamprotornis mevesii | súdlik Afrika | |
| Pylksturtglânsstaar | Lamprotornis acuticaudus | súdlik sintraal Afrika | |
| Poarperglânsstaar | Lamprotornis purpureus | tropysk Afrika fan Senegal en noardlik Kongo oant Sûdan en westlik Kenia | |
| Prachtglânsstaar | Lamprotornis splendidus | westlik en sintraal Afrika | |
| Prinsipeglânsstaar | Lamprotornis ornatus | endemysk yn Sao Tomee en Prinsipe | |
| Shelleyglânsstaar | Lamprotornis shelleyi | eastlik Afrika | |
| Smaragdstaar | Lamprotornis iris (earder Coccycolius iris) | Guinee, Sierra Leöane en Ivoarkust | |
| Readbúkglânsstaar | Lamprotornis pulcher (earder Spreo pulcher) | Boerkina Faso en westlik Afrika | |
| Readskouderstaar | Lamprotornis nitens | Súdlik Afrika | |
| Trijekleurige glânsstaar | Lamprotornis superbus (earder Spreo superbus) | eastlik Afrika | |
| Twakleurige glânsstaar | Lamprotornis bicolor (earder Spreo bicolor) | Súd-Afrika, Lesoto en Swazylân | |
| Wytkroanglânsstaar | Lamprotornis albicapillus (earder Spreo albicapillus) | Dzjibûty, Etioopje, Kenia en Somaalje. | |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
