Springe nei ynhâld

Glânsfazanten

Ut Wikipedy
glânsfazanten
Himalayaglânsfazant
Himalayaglânsfazant
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:goes- en hineftigen
   (Galloanserae)
skift:hineftigen (Galliformes)
boppefamylje:fazantfûgels (Phasianoidea)
ûnderfamylje:echte fazanten (Phasianinae)
tûke:glânsfazantfûgels (Lophophorini)
skaai:glânsfazanten (Lophophorus)
Temminck, 1813

Glânsfazanten (Lophophorus) foarmje in fûgelskaai fan trije soarten út 'e famylje fazanteftigen (Phasianidae). Hoannen fan glânsfazanten binne fûgels mei skimerjende fearren, de hinnen binne folle ienfâldiger fan kleur. Beide skaaien ha in túf (dy fan 'e hin leit meast plat) en in krêftige, bôge snaffel, wêrmei't se yn 'e boaiem nei iten sykje en ek de beferzen grûn iepenskuorre kinne. It iten bestiet út woartel, knollen, sied en ek ynsekten.

Glânsfazanten komme allinnich yn Aazje foar en mear spesifyk yn 'e Himalaya en oangrinzgjende berchtmes op hichten tusken 2.000 en 4.500 m. Se libje yn berchbosken (nulle- en leafbosk) en op alpine greiden.

De fûgels binne meastentiids monogaam en it nêst leit goed ferside op 'e grûn. In lechsel bestiet út 3 oant 6 aaien. De hin sit op 'e aaien en de hoanne bewekket it territoarium.

OfbyldWittenskiplike nammeFryske nammeFerspriedingStatus
Trend
Lophophorus impejanus HimalayaglânsfazantHimalayanet bedrige
[1]
Lophophorus lhuysiiSineeske glânsfazantSintraal-Sinakwetsber
[2]
Lophophorus sclateriwytsturtglânsfazantNoardeast-Yndia, noardlik Birmanet bedrige
[3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Lophophorus impejanus op BirdLife
  2. Lophophorus lhuysii op BirdLife
  3. Lophophorus lhuysii op BirdLife