Springe nei ynhâld

Giuseppe Airoldi

Ut Wikipedy
Giuseppe Airoldi
Giuseppe Airoldi
Giuseppe Airoldi
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Italjaansk
berne8 septimber 1861
berteplakLecco
stoarn13 desimber 1913
stjerplakLecco
etnisiteit Italjaansk
wurkpaad
berop/amtgemeentlike amtner
aktyf asmuzykolooch, puzelmakker
reden
  bekendheid
Earste krúswurdpuzel

Giuseppe Airoldi (Lecco, 8 septimber 1861 - 13 desimber 1913) wie in Italjaansk puzelmakker en sjoernalist.

Parole incrociate fan Giuseppe Airoldi út 1890

Airoldi wie amtner fan de gemeente Lecco en pleatslike korrespondint foar de krante Corriere della Sera. Airoldi syn grutste leafhawwerij wie musikolooch en enigmist.

Giuseppe Airoldi waard bekend troch it publisearjen fan it earste ûntwerp fan Parole incrociate. Dit 'krúswurdwurd' ferskynde op 14 septimber 1890 yn nûmer 50 fan Il Secolo Illustrato della Domenica, in Milaaneesk tydskrift ûnder redaksje fan Edoardo Sonzogno. [1] By de puzel stie 'Om de tiid troch te kommen'.

De opjefte bestie út in roaster fan 4 by 4 wite fekjes; elke rige en kolom hie in eigen omskriuwing. De oplossings wiene: RIPA-ODER-SERA-AMEN horizontaal en ROSA-IDEM-PERE-ARAN fertikaal.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (it) Giorgio Spreafico, L'uomo delle parole incrociate], Lecco, Teka Edizioni, 2018, ISBN 9788899142360