Springe nei ynhâld

Gisela Mauermayer

Ut Wikipedy
Gisela Mauermayer
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeGisela Mauermayer
nasjonaliteit Dútsk
bertedatum24 novimber 1913
berteplakMünchen
stjerdatum9 jannewaris 1995
stjerplakMünchen
lingte1.72 m
gewicht70 kg
sportive ynformaasje
sportAtletyk
ûnderdielDiskussmiten,
Kûgelstjitten
O.S.Berlyn 1936
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1936,
Goud grut goud 1x EK 1938
Sulver grut sulver 1x EK 1938

Gisela Mauermayer (München, 24 novimber 1913 - Dêre, 9 jannewaris 1995) wie in Dútsk diskussmitster en kûgelstjitster.

Sy die ien kear mei oan it Europeesk kampioenskip, en de Olympyske Simmerspullen yn 1936. Sy waard by dizze kampioenskippen ien kear Olympysk kampioene mei in olympysk rekôr fan 47.63 meter, en behelle yn 1938 yn Parys by it Europeesk kampioenskip in sulveren medalje by it kûgelstjitten en waard Europeesk kampioene by it diskussmiten. Yn 1942 sette se in punt efter har sportkarriêre.

Fan 1938 oant it ein fan de Twadde Wrâldkriich wie Gisela Mauermayer sportlearares by in gymnasium yn München. Op grûn fan har nazyferline, Mauermayer wie al yn 1932 lid wurden fan de NSDAP, krige se nei de kriich gjin baan mear as learares. Se studearre biology, en wie fan 1954 oant 1975 manager fan de biblioteek Zoologische Staatssammlung yn München. Gisela Mauermayer ferstoar op 9 jannewaris 1995, yn 'e âldens fan 81 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN
  • Wikipedy:DE