Giovanni Antonio Scopoli
| Giovanni Antonio Scopoli | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| berne | 3 juny 1723 | |
| stoarn | 8 maaie 1788 (64 jier) | |
| wurkpaad | ||
| berop/amt | dokter, heechlearaar, biolooch | |
| aktyf as | plantekundige, pteridolooch, skiekundige, dierkundige, ornitolooch, lepidopterolooch, arachnolooch, mykolooch, ierdwittenskipper | |
| bekendste wurk(en) | Flora Carniolica (1760), Entomologia carniolica (1763) | |
Giovanni Antonio Scopoli (Cavalese, 3 juny 1723 – Pavia, 8 maaie 1788) wie in Italjaanske dokter en natuerûndersiker. Syn biograaf Otto Guglia neamde him de "earste anasjonale Jeropeaan" en de "Linnaeus fan it Eastenrykske Keizerryk".[1]
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Scopoli waard berne yn Cavalese, as soan fan in abbekaat en oarlochskommissaris fan de prins-biskop fan Trente. Hy studearre genêskunde oan de Universiteit fan Innsbruck. Hy helle yn 1743 syn doktoraat mei it proefskrift De diaeta litteratorum ('Oer it dieet fan letterkundigen') en wurke dêrnei as dokter yn Cavalese, Trento en Feneesje. Doe't er 26 wie troude er mei Albina von Miorini út Cavalese.
Fan syn jonkheid ôf oan wijde er in grut part fan syn tiid oan it bestudearjen fan de floara en fauna fan syn berteregio Tiroal. Om't der yn dy tiid yn Innsbruck gjin lêzingen oer natuerhistoarje jûn waarden, die er de nedige kennis op troch selsstúdzje, benammen út de wurken fan Joseph Pitton de Tournefort, John Ray en Carl Linnaeus. Hy lei wiidweidige kolleksjes fan planten en ynsekten oan.
Hy wie twa jier priveesekretaris fan 'e biskop fan Seckau, en waard doe yn 1754 beneamd ta dokter fan 'e kwikminen yn Idrija, in lyts stedsje yn it Habsburchske ryk yn Sloveenje, en bleau dêr oant 1769. Yn 1761 publisearre er De Hydroargyro Idriensi Tentamina oer de symptomen fan kwikfergiftiging ûnder kwikmynwurkers.
Scopoli brocht tiid troch mei it bestudearjen fan 'e lokale natuerlike histoarje, publisearre Flora Carniolica (1760) en ek in wichtich wurk oer de ynsekten fan Carniola, Entomologia Carniolica (1763). Hy publisearre ek in searje Anni Historico-Naturales (1769–1772), dy't earste beskriuwingen fan fûgels út ferskate kolleksjes befette.
Yn 1769 waard Scopoli beneamd ta heechlearaar skiekunde en metallurgy oan de Mynbouakademy yn Schemnitz (no Banská Štiavnica, Slowakije), en yn 1777 stapte er oer nei de Universiteit fan Pavia. Hy waard in fûleindige rivaal fan Lazzaro Spallanzani, dy't derfan beskuldige waard eksimplaren út it museum fan Pavia stellen te hawwen. Spallanzani kaam foar de rjochter en it langduorjende proses einige mei frijspraak. Koart dêrnei stoar Scopoli oan in oerhaal. [2] Syn lêste wurk wie Deliciae Florae et Faunae Insubricae [3] (1786–1788); dêryn wiene wittenskiplike nammen opnommen foar fûgels en sûchdieren út noardwestlik Itaalje, dy't earder troch Pierre Sonnerat yn syn reisbeskriuwings beskreaun wiene.
Scopoli korrespondearre mei Carl Linnaeus, de Sweedske botanikus dy't de basis lei foar de moderne taksonomy. [1] Scopoli dielde al syn ûndersyk, befinings en beskriuwings (bygelyks fan de grotolm en de ikelmuis, twa lytse bisten dy't oant dy tiid ûnbekend wiene foar Linnaeus). Linnaeus hie grut respekt foar him en toande grutte belangstelling foar syn wurk. Troch de grutte ôfstân hawwe se inoar lykwols nea moete. [4][5]
Underskiedings en lidmaatskippen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It alkaloïde skopolamine draacht syn namme. It planteskaai Scopolia (Jacq. corr. Link) — dat ta de ierappelfamylje (Solanaceae) heart — is ek nei him ferneamd.
Scopoli wie lid fan de Agriculturgesellschaft in Steyer, Görz und Gradiska ('Lânbouferiening fan Steyr, Gorizia en Gradisca').
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Giovanni Antonio Scopoli fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
