Springe nei ynhâld

Gintfûgels

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gintfûgel)
gintfûgels
In Kaapske gint (Morus capensis).
In Kaapske gint (Morus capensis).
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang:wetterfûgels (Aequornithes)
skift:ginteftigen (Suliformes)
boppefamylje:gintfûgeleftigen (Suloidea)
Reichenbach, 1849
famylje:gintfûgels (Sulidae)
Reichenbach, 1849

De gintfûgels (wittenskiplike namme: Sulidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes) en de boppefamylje fan 'e gintfûgeleftigen (Suloidea). Ta dizze famylje hearre 11 ûnderskate libbene soarten, dy't ferdield binne oer 3 skaaien. Gintfûgels binne grutte fûgels, dy't tige goed oan it libben by en yn 'e see oanpast binne. Sa hawwe se swimfluezzen tusken de teannen en kinne se ekstreem goed dûke, in adaptaasjes dêr't se frijwat fleanfermogen foar ynleverje moatten hawwe. Alle soarten gintfûgels frette fisk en yn see libjend wringeleas dierte. Se briede yn grutte koloanjes.

De gintfûgels (Sulidae) waarden yn 1849 as in taksonomyske famylje yntrodusearre troch de Dútske soölooch Ludwig Reichenbach. Mei de fregatfûgels (Fregatidae), de ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae) en de slangehalsfûgels (Anhingidae) foarmje se it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes). Analyze fan fossilen wiist derop dat de gintfûgels har likernôch 50 miljoen jier lyn fan 'e ielguozzen ôfspjalten hawwe. Krekt as oare ginteftigen fûnen de gintfûgels nei alle gedachten har oarsprong yn 'e algemiene regio fan 'e Atlantyske Oseaan of de westlike Tetysoseaan (dy't oant 23 miljoen jier lyn súdlik fan it kontinint Lauraazje lei, likernôch op it plak dêr't no de Middellânske See leit). Dy lêste krite is it wierskynlikst, yn acht nommen dat de ierste fossilen fan gintfûgels yn Jeropa by 't folop te finen binne, mar ôfwêzich binne fan 'e like goed bestudearre grûnlagen út itselde tiidrek yn 'e eastlike Feriene Steaten.

In abbottgint (Papasula abbotti).

Soms wurdt der noch in boppefamylje erkend, dy't de gintfûgeleftigen (Suloidea) hjit. Dêr wurde njonken de eigentlike gintfûgels ek ferskate primitive fossile skaaien yn pleatst, dy't as basale foarmen ûnderskaat wurde moatte fan 'e libbene skaaien. Dêrby giet it om: de tsjinginten (Empheresula), de Eosene fluespoatginten (Eostega) en de Messelfluespoatginten (Masillastega). Dy skaaien wurde allegearre yn monotypyske famyljes ûnderbrocht. In foarstelde mienskiplike famylje (ûnder de namme Pseudosulidae of Enskurosulidae) is frijwol wis ûnjildich.

De gintfûgels as famylje omfetsje 11 libbene soarten, ferdield oer trije skaaien. Yn âldere boarnen wurde faak alle soarten yn ien-en-itselde skaai pleatst, mar de ginten (Morus) en de tropenginten (Sula) kinne maklik faninoar ûnderskaat wurde op it mêd fan morfology, hâlden en dragen en genetika. De abbottgint (Papasula abbotti) hat syn eigen monotypyske skaai krigen om't er op dyselde mêden fan beide groepen ôfwykt. De abbottginten (Papasula) lykje in selsstannich en oerâld komôf te fertsjintwurdigjen, dat mooglik tichter by de ginten stiet as by de tropenginten. In ûndersyk út 2011 wiisde derop dat de abbottgint him al 22 miljoen jier lyn fan 'e beide oare groepen ôfskate, wylst de opspjalting fan ginten en tropenginten likernôch 17 miljoen jier lyn syn beslach krige. De lêste mienskiplike foarâlder fan alle tropenginten libbe nei alle gedachten likernôch 6 miljoen jier lyn; de ûnderskate gintesoarten groeiden resinter útinoar, likernôch 21/2 miljoen jier lyn.

De plasse fan 'e fossile Messelfluespoat-gint (Masillastega rectirostris).

Njonken de trije libbene skaaien omfettet de famylje fan 'e gintfûgels ek in seistal fossile skaaien. Benammen út it Mioseen (±23–5 miljoen jier lyn) en it Plioseen (±5–21/2 miljoen jier lyn) binne gâns iere foarmen fan gintfûgels weromfûn. Dêrûnder is de yn en by swietwetter libjende Messelfluespoatgint (Masillastega rectirostris) út Dútslân, dy't wierskynlik gjin gintfûgel yn 'e moderne sin wie, en teffens de bizarre toekangint (Rhamphastosula ramirezi) út Perû, dy't in snaffel hie mei in foarm as fan in arassarysnaffel. De ierste moderne gintfûgels ûntjoegen har justjes foar de oergong fan it Oligoseen nei it Mioseen, omtrint 23 miljoen jier lyn. De lytse ginten (Microsula), dy't doedestiden libben, lykje in primityf lichem hân te hawwen, dat lykwols dochs in protte oerienkomsten fertoande mei hjoeddeistige ginten.

Gintfûgels komme foar it meastepart foar yn tropyske en subtropyske seeën, mar fral de ginten (Morus) binne ek te finen yn kontreien mei in tuskenbeiden klimaat. Oars as de besibbe mokeftigen (Procellariiformes) binne gintfûgels net wiere pelagyske (op see libjende) fûgels, mei't se ornaris frij ticht by de kust bliuwe. De oerfloedige koloanjes dy't besteane op in protte eilannen yn 'e Stille Oseaan wize der lykwols op dat se gauris troch stoarmen fan har wenplak fuortblaasd wurde, en dat se by need wier wol it fermogen hawwe en swalkje lange ôfstannen oer see op 'e siik nei in feilich plak om te lânjen.

In Nazcagint (Sula granti).

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gintfûgels binne grutte fûgels mei in totale lichemslingte fan 60–85 sm en in spanwiidte fan 140–195 sm. Se hawwe lange, puntige wjukken en in frij lange, rútfoarmige sturt, wêrfan't de bûtenste fearren koarter binne as de binnensten. De fleanspieren binne oan 'e lytse kant om't it lichem smel wêze moat om fan grutte hichte ôf yn see dûke te kinnen. In grutter fermogen ta sekuer fleanen is sadwaande wat dat se ynleverje hawwe moatten foar it ûntjaan fan evolúsjonêre adaptaasjes dy't essinsjeel binne foar har libbenswize. Dêrom binne gintfûgels ekstreem streamline mei in lichem dat wol omskreaun wurdt as "torpedo-foarmich".

De skonken binne robúst, mei yn ferhâlding ta de lichemsgrutte mânske poaten. De fjouwer teanen binne ûnderling ferbân troch swimfluezzen. By guon soarten, lykas de readpoatgint (Sula sula) en de blaupoatgint (Sula nebouxii), hawwe de poaten in felle kleur en spylje se in rol yn 'e balts. De puntige snaffel is yn 'e regel opfallend kleure, lang en by de basis djip. De rânen binne licht kartele. By de snaffelpunt wiist de boppekaak lichtsjes nei ûnderen ta, mar dat diel is fleksibel en kin by it ferswolgjen fan grutte proaien omheech beweegd wurde. Om by it dûken de noas frij fan seewetter te hâlden, komme de noasters by gintfûgels oan 'e binnenkant fan 'e snaffel út ynstee fan oan 'e bûtenkant fan 'e kop. De eagen wize nei foarren sadat gintfûgels in grutter binokulêr eachweid hawwe as de measte fûgels.

It fearrekleed is by guon gintfûgels hielendal wyt mei swarte wjukseinen en ornaris ek in swarte sturt. Dat jildt bygelyks foar de ginten (Morus), by wa't de kop licht oanset is yn dûnkergiel oant oranje. Oare gintfûgels hawwe alteast wàt dûnkerbrún of swart boppe de wite ûnderste lichemsdielen. It wite gesicht hat yn 'e regel beskate markearrings yn swart, almeast by de eagen en op 'e wangen. Oars as har sibben de ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae) besitte de gintfûgels wól in stútklier. Dy skiedt in waaksige stof ôf dy't de fûgels útwriuwe oer har fearren om dy wetterôfstjittend te meitsjen, sadat it fearrekleed wetterticht bliuwt. It helpt ek tsjin parasiten en oar ûngedierte. It ferfearjen fan 'e wjukfearren giet by gintfûgels yn stadia, sadat se fan it earste stadium ôf altyd wat âlde, wat nije en wat heal yngroeide fearren hawwe. Ferfearjen as reäksje op stress is by dizze fûgels in dokumintearre ferskynsel.

In blaupoatgint (Sula nebouxii) bedekt de aaien mei de swimfluezzen om se út te brieden.

Alle gintfûgels binne karnivoaren, dy't op see jeie op middelgrutte fisken en wringeleas dierte fan deselde grutte, lykas inketfisken. In protte soarten jeie mienskiplik, en guon soarten hawwe leard om fiskersboaten te folgjen om 'e byfangst op te fretten. It karakteristike jachtgedrach is om út 'e loft wei omleech te dûken, de see yn, wêrby't in fûgel 1–2 m ûnder wetter bedarret. As se de proai yn earste ynstânsje net pakke, kinne se der ûnder wetter efteroan swimme, wêrby't se de mei swimfluezzen tariste poaten yn kombinaasje mei de wjukken foar oandriuwing brûke.

As gintfûgels opfleane, wize se mei de snaffel omheech (ginten) of rjocht foarút (tropenginten), en nei't se wer lâne binne, wize se mei de snaffel omleech. As se op lân mei in bedriging te stellen krije, falle se sels net oan, mar skodzje se mei de kop en wize de mei in skerpe punt en kartele rânen tariste snaffel yn 'e rjochting fan 'e bedriging.

Gintfûgels fan alle soarten briede kommunaal yn koloanjes. Mantsjes eagje it plak fan 'e koloanje by it fleanen oer en kieze in gaadlik plakje út, dat se dêrnei ferdigenje troch territoriaal driichgedrach en troch wier te fjochtsjen mei soartgenoaten. Se lokje dêrnei in wyfke mei har fokalisearrings en baltsgedrach. De krekte balts ferskilt nei soarte, al bestiet der mank gintfûgels op dit mêd net sa'n wiid ferskaat as by de besibbe ielgoesfûgels (Phalacrocoracidae). Wyfkes trochsykje de koloanje fleanendewei en geandefoets om in partner te finen. As se ienris in kar makke hawwe, behâldt sa'n pearke de ûnderlinge bân troch inoars fearren mei de snaffel te fersoargjen en troch gauris te pearjen.

It lechsel bestiet by gintfûgels yn 'e regel út net mear as 2 aaien, dy't wyt, ljochtblau, grien of rôze fan kleur en ûnbespikkele binne (mar besmodzge reitsje kinne troch rommel yn it nêst). De briedtiid fariëarret fan 42–55 dagen, ôfhinklik fan 'e soarte. It brieden wurdt troch beide geslachten yn gearwurking ferrjochte troch de waarme (want goed trochblette) swimfluezzen op 'e aaien te pleatsen. As der yn 'e earste helte fan 'e briedtiid in aai ferlern giet, wurdt dêrfoar yn 't plak in nij aai lein. De piken binne nêstbliuwers, dy't helpleas út it aai komme. Dêrom bliuwt de earste 2 wiken altyd ien fan 'e âlden op it nêst. Dêrby sitte de piken boppe-op de waarme swimfluezzen.

Wannear't de piken har lichemstemperatuer sels op peil hâlde kinne, geane beide âlden der tagelyk op út om te fiskjen. De tiid fan it útfleanen fan 'e piken is sterk ôfhinklik fan hoefolle fretten der beskikber is. It komt mar selden foar dat mear as ien pyk oerlibbet, útsein by de humboldtgint (Sula variegata), dy't mei 2–4 aaien ek fierwei it grutste lechsel fan alle soarten gintfûgels hat. Faak wurdt de jongere, swakkere pyk deamakke troch syn of har âldere en sterkere broer of suster.

In brune gint (Sula leucogaster).
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.