Springe nei ynhâld

Gint (fûgel)

Ut Wikipedy
gint
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftginteftigen (Suliformes)
famyljegintfûgels (Sulidae)
skaaiginten (Morus)
soarte
Morus bassanus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De gint (wittenskiplike namme: Morus bassanus) is in fûgel út it skift fan 'e ginteftigen (Suliformes), de famylje fan 'e gintfûgels (Sulidae) en it skaai fan 'e ginten (Morus). Dit bist, dat ek by Friezen mooglik better bekend is ûnder de Nederlânsktalige namme jan-van-gent, komt foar boppe it noarden fan 'e Atlantyske Oseaan en de râneseeën dêrfan yn in ferspriedingsgebiet dat rikt fan Teksas en de Bahama's oant Grienlân en Spitsbergen oant de Kanaryske Eilannen en Lybje. It is de grutste libbene gintfûgel. De gint fret fisk en briedt yn reuseftige koloanjes op dreech berikbere plakken oan 'e kust en op eilantsjes dêrfoar. De IUCN klassifisearret de gint as net bedrige.

De namme "gint" hat neat út te stean mei de stêd Gint yn Flaanderen, mar komt fan it Proto-Westgemaanske wurd *ganut, fan it Proto-Germaanske wurd *ganzô, mei de betsjutting "mantsjegoes". Dat is deselde woartel dêr't ek it wurd "goes" fan komt.

In pearke ginten op Hilgelân.

Nettsjinsteande syn fierhinne maritime libbenswize is de gint al iuwenlang in bekende fûgelsoarte by ornitologen. De Switserske natoerûndersiker Conrad Gessner joech it bist yn 'e sechstjinde iuw al de Latynske namme Anser bassanus (anser betsjut "goes"). Dy namme waard oernommen troch de Ingelske natoerûndersiker Francis Willughby, dy't it bist yn 'e santjinde iuw beskreau. De gint koe hy fan 'e briedkoloanje op Bass Rock yn 'e Firth fan Forth en fan in eksimplaar dat as dwaalgast by Coleshill yn Warwickshire bedarre wie.

Yn 1758 wie de gint ien fan in grut tal bisten dat foar it earst formeel wittenskiplik beskreaun waard troch de Sweedske biolooch en taksonoom Carolus Linnaeus yn 'e baanbrekkende tsiende edysje fan dy syn Systema Naturæ. Linnaeus, dy't mear oerienkomsten seach mei de pilekanen as mei de guozzen, parte de gint de wittenskiplike namme Pelicanus bassanus ta. De Frânske soölooch Mathurin Jacques Brisson ferpleatste de fûgel yn 1760 nei it skaai Sula, dat no reservearre is foar de tropenginten, mar dêr't doedestiden alle gintfûgels yn gearbrocht waarden. It wie de soölooch Louis Pierre Vieillot, ek út Frankryk, dy't de gint yn 1816 werklassifisearre yn it nije skaai fan 'e ginten (Morus).

De Frânsk-Italjaanske ornitolooch prins Karel Lusiaan Bonaparte beskreau de populaasjes fan 'e gint yn Noard-Amearika yn 1838 as in aparte soarte, dy't er de wittenskiplike namme Sula americana taparte. De ûnderbouwing foar dy opspjalting fan 'e Jeropeeske soarte is lykwols ûndúdlik, en Sula americana wurdt dêrom tsjintwurdich algemien beskôge as in jonger synonym fan Morus bassanus.

De briedkoloanje fan ginten te Runde, oan 'e Noarske kust.

Algemiene fersprieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferspriedingsgebiet fan 'e gint wreidet him út oer in grut part fan 'e noardlike Atlantyske Oseaan en beslacht ek râneseeën dêrfan. Oan 'e Jeropeeske kant giet it dêrby om 'e Barentssee, de Wite See, de Strjitte fan Denemark, de Noarske See, de Noardsee, it Skagerrak, it Kattegat, de Eastsee mei de Finske Golf en de Botnyske Golf, de Skotske See, de Ierske See, de Keltyske See, It Kanaal mei it Nau fan Calais, de Golf fan Biskaje en it Westlik Bekken fan 'e Middellânske See fan 'e Strjitte fan Gibraltar oant it súdwestlike part fan 'e Ioanyske See ta. Oan 'e Noardamerikaanske kant fan 'e Atlantyske Oseaan giet it om 'e Labradorsee, de Saint Lawrencebaai en it noardlike diel fan 'e Golf fan Meksiko mei de Strjitte fan Floarida.

De gint komt alsa yn Jeropa foar by de kusten lâns fan Iislân, Jan Mayen, de Fêreu-eilannen, Noarwegen, Denemark, Sweden, Finlân, Ruslân, Estlân, Letlân, Litouwen, Poalen, Dútslân, Nederlân, Belgje, Skotlân, Ingelân, Wales, Noard-Ierlân, Ierlân, Man, Jersey, Guernsey, Frankryk, Spanje, Portegal, westlik Itaalje en Malta. Yn it súdeasten rikt it fia de kusten fan Marokko, Algerije en Tuneezje oan Tripolitaanje yn Lybje ta, en yn it súdwesten komt it ta oan 'e Westlike Sahara, Mauretaanje en de Kanaryske Eilannen. Mei't de gint foar de jacht op fisk ôfhinklik is fan iepen see dy't winterdeis net tichtfriest, hat dizze fûgel baat by de opwaarming fan 'e Ierde. Sûnt de ein fan 'e tweintichste iuw hat er syn ferspriedingsgebiet stadichoan fierder útwreidzje kinnen nei it noarden en noardeasten ta, sadat er no ek foarkomt oan 'e kusten fan it Russyske Kolaskiereilân en fan Spitsbergen yn it hege noarden fan 'e Arktis.

Yn Noard-Amearika komt de gint foar by de kusten lâns fan súdlik Grienlân, eastlik Kanada, de Frânske oerseeske kollektiviteit Sint-Pierre en Miquelon, de Feriene Steaten, Bermuda en de noardlike eilannen fan 'e Bahama's. De eastlike Atlantyske Oseaan en râneseeën besuden de Golf fan Biskaje, en de westlike Atlantyske Oseaan besuden de Saint Lawrencebaai binne foar folwoeksen fûgels frijwol útslutend oerwinteringsgebieten, hoewol't healwoeksen eksimplaren der ferskate jierren tahâlde kinne. As dwaalgast is de gint waarnommen op Syprus, yn Egypte en Syrje, boppe de Swarte See, yn westlik Kazachstan en, oarekant de Atlantyske Oseaan, op Kuba en Hispanjoala en yn Ceará, yn noardeastlik Brazylje. (Dat lêste gefal wie de earste waarnimming fan dizze fûgel op it súdlik healrûn.)

De wichtichste briedkoloanjes fan 'e gint.
Bass Rock yn 'e Firth fan Forth, by de Skotske haadstêd Edinburgh, hat de grutste briedkoloanje fan ginten yn 'e wrâld.

Grutte briedkoloanjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Itaalje brocht in inkeld briedpear yn trije jierren efterinoar (2013, 2014 en 2015) in pyk grut yn in nêst op in ôfmarre boat yn Porto Venere oan 'e Ligueryske See.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gint hat trochinoar in totale lichemslingte fan 87–100 sm, mei in spanwiidte fan 170–180 sm en in gewicht fan 2,3–3,6 kg. It is dêrmei de grutste fan alle gintfûgels en in grutte seefûgel yn 'e algemiene sin, mei't er net ta de eigentlik famylje fan 'e seefûgels (Laridae) heart. It is feitliks de grutste seefûgel út it hiele Paleärktysk gebiet (dat noardlik Jeraazje en Noard-Afrika omfettet).

In healwoeksen gint. Ginten krije har wite fearrekleed stikje by bytsje: elts jier wat mear, oant se úteinlik har folwoeksen uterlik hawwe tsjin 'e tiid dat se mei 4–5 jier geslachtsryp binne.

De poaten hawwe fjouwer teannen, dy't ferbûn wurde troch in dûnkergriis oant brún swimflues. De ljochtblauwe oant blau-grize eagen wurde omjûn troch in râne fan keale, swarte hûd. By eksimplaren dy't de fûgelgryp oerlibbe hawwe, kleurje de eagen om noch ûnferklearre redens swart. De snaffel is lang, sterk en kegelfoarmich mei oan 'e punt in lichte bûging omleech. De binnenrânen fan 'e snaffel binne skerp en licht kartele. By folwoeksen eksimplaren hat de snaffel in út 'en blauwens skinende grize kleur, wylst de rânen dûnkergriis oant swart binne. Oer it gesicht rint om 'e snaffel hinne in swarte râne dy't by de eagen gearkomt mei de eachrâne.

It fearrekleed it foar it grutste part wyt, mei twa útsûnderings: de úteinen fan 'e wjukken binne swart en de kop en nekke binne bêzje oant gielich. Dy lêste kleur wurdt yn 'e briedtiid folle dúdliker en ferdizenet neitiid wer. By mantsjes is de bêzje kleur sterker oanwêzich as by wyfkes. Ek rinne der kleure linen by de teannen lâns en by de skonken op, dy't ornaris grienich giel binne by mantsjes en blauwich by wyfkes, mar fierders bestiet yn dizze soarte gjin seksuele dimorfy. Juvenilen hawwe gjin wyt fearrekleed, mar binne brún; elts jier wurde se wat witer oant oant se úteinlik mei 4–5 jier geslachtsryp binne

Evolúsjonêre adaptaasjes foar dûken binne by de gint: in ekstreem streamline lichem, krêftige halsspieren, in spûnzige bonkeplaat oan 'e basis fan 'e snaffel, noasters dy't oan 'e binnenkant fan 'e snaffel sitte, sadat der by it dûken gjin wetter troch nei binnen kringe kin, en eagen dy't beskerme wurde troch trêde eachlidden. Ek binne de fearren wetterôfstjittend trochdat de fûgels der in waaksige stof oer útwriuwe dy't ôfkomstich is út in stútklier. It fearrekleed is sadwaande wetterticht, wat de fûgels it fermogen jout om langere skoften ûnder wetter te bliuwen.

Oars as de besibbe mokeftigen (Procellariiformes) binne ginten net echt fûgels fan 'e pelagyske sône, mei't se foar it meastepart yn in stripe ûnder de kust bliuwe dy't in pear hûndert kilometer breed is. Nettsjinsteande dat kinne se har poerbêst rêde op wat dochs as iepen see beskôge wurde moat. De briedkoloanjes binne yn haadsaak fêstige op rotsige, dreech berikbere eilantsjes, dêr't potinsjele natuerlike fijannen der net of hast net by kinne.

De leden fan in briedpear begroetsje inoar.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gint is in fûgel dy't faak en lûd fokalisearret, benammen yn it fermidden fan in briedkoloanje. De meast foarkommende rop is in skel arra-arra of urra-urra, dy't it faakst utere wurdt by it lânjen yn 'e koloanje en om oare ginten fuort te jeien dy't te ticht by it nêst komme. Deselde rop komt yn ferkoarte foarm as rah-rah foar by it fiskjen of it gearfandeljen fan nêstmateriaal, en yn ferlinge foarm as ûûû-ah by it opstiigjen en fuortfleanen. Beide geslachten meitsje deselde lûden. Neffens J. Bryan Nelson, in ornitolooch ferbûn oan 'e Universiteit fan Oxford, kenne ginten net inkeld de yndividuele rop fan har partner en pyk werom, mar ek dy fan 'e "buorlju", de ginten dy't oangrinzgjende nêsten besette. Sokke buorlju wurde mei in beskate duldsumens behannele, mar ynkringers fan bûten it eigen fermidden roppe folle mear agresje op.

De wjukken fan 'e gint binne lang en smel en sitte foaroan op 'e romp, sadat er by it fleanen op effisjinte wize gebrûk meitsje kin fan 'e luchtstreamen. Sels by kalm waar kin er dêrtroch in faasje berikke fan 55–65 km/h. Nettsjinsteande dat binne de fljochspieren by dizze fûgel relatyf lyts: wylst dy by de measte oare fûgels likernôch 20% fan it lichemsgewicht útmeitsje, is dat foar de gint mar 13%. Dat betsjut lykwols al dat ginten, ek al kinne se fluch fleane, net botte goed maneuvrearje kinne ûnder it fleanen. Ek moatte se de fljochspieren opwaarmje ear't se opstiigje troch te klapperjen mei de wjukken.

Mei't se inkeld mei muoite rinne kinne, is it foar ginten dreech om fan in plat stik grûn ôf wer yn 'e loft te kommen. Ornaris fleane se fuort troch fan in klif ôf te springen. As se al op in plat stik lân bedarre binne, moatte se yn 'e wyn op sa hurd mooglik besykje te draven wylst se út alle macht mei de wjukken slane. Deselde swierrichheden hawwe se om nei in dûk yn see wer op te stiigjen. Soms, as der mar in bytsje wyn stiet, of as it wynstil is, slagget dat net en reitsje se strâne. Ek it delkommen op lân liedt soms ta problemen as se tefolle faasje hawwe, it net op 'e poaten hâlde kinne en oer de kop slane. De lichte bonken yn 'e wjukken kinne dan maklik brekke, wat foar sokke fûgels delkomt op in deafûnis.

In gint dûkt de see yn.

Jeien en dûken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ginten binne deidieren dy't by ljochtskyndei op jacht geane nei fisk. Dat dogge se sawol deunby har nêst as fierder fuort. Ornaris geane se dêrby net fierder as 150 km by it nêst wei, mar 2% fan 'e fûgels út 'e briedkoloanje op Bass Rock yn 'e Firth fan Forth fljocht hielendal nei de Doggersbank yn 'e midden fan 'e Noardsee ta om te fiskjen, in ôfstân fan 280–320 km (inkele reis). Ginten binne opportunistysk genôch om fiskersboaten te folgjen, sadat se sûnder in protte muoite te dwaan de oerboard kipere byfangst fersline kinne. Ek folgje se wol walfiskeftigen om 'e resten fan dy har miel op te fretten.

De standertjachtmetoade fan 'e gint is lykwols om út 'e loft wei, fanôf sa'n 70 m heech, in iezing fisk te sykjen dy't net al te fier ûnder it see-oerflak swimt. As dat ienris slagge is, dûke ginten fan in hichte fan 11–60 m heech út 'e loft wei rjocht omleech yn see. Dêrby teare se de wjukken, krekt foar't se it wetter reitsje, hielendal tebek. Dêrtroch krije se in folslein streamline "torpedofoarm", mei it smelste lichemsdiel, de snaffel, foaroan. It efterste diel fan it lichem wurdt dan foarme troch wjuktippen, dy't fierder werom rikke as de sturtpunt. De faasje wêrmei't se it wetter reitsje, kin oprinne oant 100 km/h. Dêrtroch kinne se oant 11 m djip yn 'e see trochkringe. As se net daliks in fisk fange, brûke se sawol de wjukken as de mei swimfluezzen tariste poaten om ûnder wetter swimmend de efterfolging op 'e fuortspattende proai yn te setten. Op dy manear berikke ginten trochinoar in djipte fan 19,7 m, mei in dokumintearre maksimum fan 25 m. De meast folge strategy dêrby is om omleech te dûken oant de gint him ûnder de iezing fisk befynt en dan ûnderweis werom nei it wetteroerflak in fisk te fangen.

Neffens guon ûndersiken is de rjochting dy't ginten út fleane om fisk te sykjen en de tiid dêr't se ferlet fan hawwe om har bestimming te berikken foar mantsjes en wyfkes gelyk. Nettsjinsteande dat binne der dochs oansjenlike ferskillen yn it hâlden en dragen fan mantsjes en wyfkes by it foerazjearjen. Wyfkesginten binne net allinnich selektiver as mantsjes by it útkiezen fan in gaadlike fisklokaasje, mar se dûke ek langer en djipper en dôberje neitiid langer op it wetteroerflak om as de mantsjes.

In gint bringt materiaal foar de oanlis fan it nêst.

Foar de fuortplanting bejouwe ginten har elts jier nei de briedkoloanjes. Ornaris keare de fûgels dêrby werom nei de koloanjes dêr't se sels as pyk út it aai kommen binne, mar dat giet net foar allegearre op. Oars soene der ommers nea nije koloanjes ûntstean kinne, en it is waarnommen dat soks bart, bgl. by de kust fan it Kolaskiereilân lâns yn 1995 en op Spitsbergen yn 2011. Wannear't in gint yn in beskate koloanje ienris mei súkses in pyk grutbrocht hat, is it lykwols hiel ûngewoan dat er dêrnei noch fan briedkoloanje wikselet.

De briedtiid begjint yn maart of april, yn 'e súdlike briedkoloanjes wat earder en yn 'e noardliken wat letter. Healwoeksen fûgels, dy't foar it earst yn 'e briedtiid nei de briedkoloanjes komme as se 2–3 jier âld binne, bliuwe oan 'e rânen fan 'e koloanje. Soms bouwe se wol in eigen nêst, mar se binne pas mei 4–5 jier geslachtsryp en kinne dus foar dy tiid net oan 'e fuortplanting dielnimme. Party healwoeksen fûgels geane soms op in ferlitten nêst sitten en as se dêr in dei as twa, trije ûnfersteurd bliuwe kinne, begjinne se dat nêst agressyf tsjin oare ginten te ferdigenjen, as wie it har eigen. Blykt dat nêst lang om let dochs in eigner te hawwen, dan jout de healwoeksen fûgel it sûnder striid werom.

De nêstplakken dêr't it measte loop op is, binne sitewearre op 'e rotswanden fan kliffen boppe de see of op heuveltoppen deunby de kust. As sok ûnreplik goed net foar hannen is, nêstelje ginten ek wol yn groepen op eilannen mei in plat oerflak. It problematyske lânjen en opstiigjen op sa'n ûndergrûn liedt ta mear konflikten mei de buorlju, en dêrtroch ta in heger stressnivo. Nettsjinsteande dat komt it mar ynsidinteel foar dat ginten in yndividueel nêstplak sykje, by de koloanje wei. Trochinoar binne der yn in koloanje 2,3 nêsten de . In nêst wurdt troch sawol it mantsje as it wyfke agressyf ferdigene. Dêr't dat om it beskikbere oerflak kin, bedraacht de romte tusken de nêsten twaris it berik fan in fûgel dy't op it nêst sit.

In ginte-aai.

Ginten binne monogaam en it komt geregeldwei foar dat pearkes ferskate briedseizoenen byinoar bliuwe. Soms bliuwe se sels har hiele libben byinoar. Dat wol net sizze dat se it hiele jier yn inoars neite omhingje: se geane útinoar as se klear binne mei it grutbringen fan har pyk en fine inoar wer werom oan it begjin fan it folgjende briedseizoen. As ien fan beiden deagiet, siket de oerbleaune fûgel in nije pearingspartner. Har nêst bouwe ginten fan seewier, planten dy't yn 'e neite fan it nêst op lân groeie, modder en rommel dy't út see oanspield is. It mantsje fandelet dêrby ornaris it boumateriaal gear, en it wyfke bout dêrfan it nêst. Dat is in kompakt tsjelkfoarmich bousel mei in hichte fan 30–60 sm. Mei't de fûgels har kjitte yn 'e briedtiid oer de râne fan it nêst falle litte, wint de romte dy't it nêst ynnimt hieltyd fierder oan. Oer de jierren kinne âlde nêsten dêrtroch in hichte fan wol 2 m berikke.

Ginten lizze ien aai, dat 7,9 sm by 5 sm mjit en trochinoar in gewicht hat fan 1041/2 g. Dat is licht foar in grutte seefûgel. It aai is yn 't earstoan blauwich en suver trochskinich, mar ferdizenet letter ta in kalkwite kleur dy't maklik besmodzge reitsje kin. As der twa aaien yn ien nêst lizze, betsjut dat net dat dit pearke twa aaien lein hat, mar dat in oar wyfke der in aai by lein hat of dat it pearke der in aai by stellen hat fan in oar briedpear. Allinnich as se it earste aai kwytreitsje, lizze ginten in twadde aai ta ferfanging.

In mei dûns oerdutsen pyk.

De briedtiid duorret 42–46 dagen, wêrby't it brieden troch beide geslachten yn gearwurking ferrjochte wurdt troch de waarme (want goed trochblette) swimfluezzen op it aai te pleatsen. In protte piken fan ûnbelearde âlden komme om wannear't se út it aai komme en de briedende fûgel noch mei syn hiele gewicht op it aai sit. Dat sakket dan yninoar en dan wurdt de pyk ferplettere. Alden mei ûnderfining fiele mei de poaten oan wannear't de pyk op it punt stiet om út it aai te brekken, en stappe dan fan it aai ôf. It útkommen fan it aai kin soms wol 36 oeren duorje. Neitiid wurdt de pyk op 'e swimfluezzen fan 'e âlderfûgel fan tsjinst set om waarm te bliuwen. Ginten litte har pyk mar komselden allinnich yn it nêst, mei't se dan it risiko rinne dat de pyk troch de briedende fûgels út 'e oanbuorjende nêsten oanfallen en deamakke wurdt.

In pyk dy't krekt út it aai kommen is, hat in dûnkerblauwe oant swarte hûdskleur en noch gjin fearren. Mei sa'n 10 dagen binne se oerdutsen mei wyt dûns. De âlden geane om bar op jacht wylst ien fan harren op it nêst bliuwt. De pyk kriget heal-fertarre fisk te fretten dy't de âlderfûgels út har eigen mage wei opkoarje yn 'e snaffel fan it jong. Wannear't de pyk wat âlder is, kriget er hiele fisken taparte. Oars as de piken fan oare soarten seefûgels bliuwe gintepiken stil yn it nêst sitten sûnder om te kuierjen of mei de wjukken te slaan. Dêrtroch hawwe se minder kâns dat se út it nêst trûdelje. De pyk wurdt troch de âlden likernôch 91 dagen lang fuorre, en dêrnei wurdt er efterlitten yn it nêst wylst de âlderfûgels weromkeare nei see oant it wer briedtiid wurdt.

Gintepiken fleane út as se 84–97 dagen âld binne. Dat dogge se ornaris troch harsels fan in klif ôf te lansearjen. Mei't soks net oefene wurde kin, is it derop of derûnder. As se it besykje by in hurde wyn dy't út 'e ferkearde hoeke komt, kinne se fataal ferwûne reitsje wannear't se tsjin 'e rotsen oan blaasd wurde. Nei't se it nêst ferlitten hawwe, keare se dêr net wer werom. Se bliuwe op see en leare om sels te fiskjen of oars komme se fan honger om. Mar 30% fan 'e piken oerlibbet it earste jier, mar folwoeksen fûgels hawwe in jierliks oerlibbingspersintaazje fan 91,9%. Trochinoar hawwe folwoeksen ginten in libbensferwachting fan 17 jier, mei in maksimaal dokumintearre leeftyd fan ien fûgel dy't 37 jier, 4 moannen en 16 dagen libbe.

In grutte skraaits (Stercorarius skua) berôft in gint fan syn fiskfangst.

Ginten frette benammen fisken dy't 21/2–301/2 sm lang binne. Boppedat moat sokke fisk foar de fûgels berikber wêze, wat betsjut dat de fisk him yn iezings yn 'e neite fan it wetteroerflak ophâlde moat. Ginten binne gjin sinnige iters; frijwol eltse fisk of oar yn see libjend bist dat oan 'e neamde betingsten foldocht, stiet op it menu. Dêrby giet it û.o. om skylfisk (Melanogrammus aeglefinus) en kabbeljau (Gadus morhua) en ferskate soarten sardinen, ansjofisken en spjirringen, mar ek om ferskate soarten pylkinketfisken.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gint hat net folle natuerlike fijannen; inkeld de Amerikaanske see-earn (Haliaeetus leucocephalus), de goesearn (Haliaeetus albicilla) en de keningsearn (Aquila chrysaetos) is fan bekend dat se folwoeksen ginten gripe en opfrette. Piken fan 'e gint binne fansels kwetsber foar folle mear rôfdieren, wêrûnder de grutte sjouwerman (Larus marinus), de Amerikaanske sulvermiuw (Larus smithsonianus), de raven (Corvus corax), de harmeling (Mustela erminea) en yn Noard-Amearika de Amerikaanske harmeling (Mustela richarchsonii), en de foks (Vulpes vulpes). Soms wurdt in dûkende of op it wetter driuwende gint snipt troch in haai of troch in seehûn, mar dat komt mar hiel ynsidinteel foar.

Kleptoparasitisme troch skraaitsen, yn 't bysûnder de grutte skraaits (Stercorarius skua) is in pleach foar ginten. Dêrby efterfolget de skraaits in gint en grypt mei de snaffel dy syn wjuk of sturt beet, sadat er út 'e loft wei yn see kneppelet. De skraaits hâldt fêst, ek yn it wetter, oant de gint de troch him fongen fisk opkoarre hat, sadat de skraaits fergees oan it miel kin.

De gintekoloanje op it eilantsje Little Skellig, foar de kust fan súdwestlik Ierlân.

De gint hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Sterker noch, de wrâldpopulaasje fan dizze fûgel liket te groeien, hoewol't dy groei hiel ûngelikens konsintrearre is yn mar in pear briedkoloanjes. Wylst oare bisten lije ûnder de opwaarming fan 'e Ierde, hat de gint der krekt baat by, mei't it syn útwreiding yn noardeastlike en noardlike rjochting nei it Russyske Kolaskiereilân (1995) en de Arktyske eilannegroep Spitbergen (2011) mooglik makke hat.

De groei fan 'e wrâldpopulaasje fan 'e gint is mear in reparearjen fan in âlde sitewaasje as dat it in folslein nije ûntwikkeling is. Yn it ferline hie dizze fûgel nammentlik troch minsklik yngripen slim te lijen ûnder habitatferlies en teffens ûnder it rispjen fan aaien foar minsklike konsumpsje en it deadzjen fan briedende fûgels foar har fleis en fearren.

Op it rotseilantsje Lyts Skellig, foar de kust fan súdwestlik Ierlân, waard al foàr 1700 op 'e fûgels jage. Meitiid naam dat sokke foarmen oan, dat der yn 1880 noch mar 30 briedpearen oer wiene. Doe't de jacht stûke om't der noch mar sa'n bytsje fûgels wiene dat it net mear leanne en meitsje de reis nei it ôfhandige eilantsje, begûn de populaasje wer oan te winnen. Yn 1906 wiene der alwer 10.000 briedpearen, en tsjintwurdich binne der op Lyts Skellig 30.000 briedpearen.

Yn 1939 wiene der wrâldwiid mar 22 briedkoloanjes fan 'e gint, mei in totaal fan 83.000 briedpearen. In ûndersyk út 2004 telde dat jiers 45 ûnderskate koloanjes mei yn totaal 361.000 briedpearen. De Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN) rûsde de totale wrâldpopulaasje fan 'e gint datselde jiers op 950.000–1,2 miljoen.

De gint is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde. Yn it ferline waarden de Kaapske gint (Morus capensis) en de Australyske gint (Morus serrator) wol as ûndersoarten fan 'e gint beskôge, mar dy wurde no rûnom sjoen as selsstannige soarten.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.