Gilze en Rijen
| Gilze en Rijen | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Gilze en Rijen is in gemeente westlik fan Tilburch yn 'e provinsje Noard-Brabân. De gemeente hat 27.580 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 65,69 km². De namme fan 'e gemeente is ôflaat fan in yn 1524 stifte parochy. It wurdsje en wurdt lykwols meast weilitten: minsken sizze en skriuwe 'Gilze-Rijen'. Dy kombinaasje is ek te sjen yn 'e namme fan it stasjon oan 'e súdkant fan Rijen oan it spoar Breda-Eindhoven en de fleanbasis Gilze-Rijen, dy't sintraal yn 'e gemeente leit.
Gilze en Rijen lizze himelsbreed fjouwer kilometer útinoar, mar oer de dyk oer Hulten is dat 5,5 kilometer, om't de Molenschotse Heide, de fleanbasis Gilze-Rijen en de A58 tusken de plakken lizze. Foar de oanlis fan 'e fleanbasis wie dat net sa en rûn der in hast rjochte dyk nei Gilze oer de Nerhovensche Heide. It pylgerplak Molenschot leit yn it westen, it fierst fan Tilburch. Gilze en Hulten, dat yn 'e Twadde Wrâldkriich foar in grut part ferneatige waard, lizze sûnt de lêste útwreiding fan Tilburch tichter by de bebouwing fan 'e stêd as by Rijen of Molenschot. Wichtige wurkjouwers yn 'e gemeente binne de mediagroep Audax en de fleanbasis. In soad minsken wurkje lykwols yn Tilburch, Breda en Oosterhout.
Plakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente bestiet út fjouwer plakken:
| Offisjele namme | Brabânske namme | Namme yn karnavalstiid |
|---|---|---|
| Gilze | Gils | Dringersgat |
| Hulten | Hulte | Krimpersgat |
| Molenschot | Molleskot | Ballefruttersgat |
| Rijen | Rije | Wringersgat |
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gemeente Gilze en Rijen waard formeel yn 1810 stifte, yn 'e tiid fan 'e Frânske besetting, doe't in soad Nederlânske gemeenten yn 'e hjoeddeiske foarm organisearre waarden. De namme "Gilze en Rijen" waard lykwols al earder brûkt, benammen nei't Rijen yn 1524 in selsstannige parochy waard en mear betsjutting yn 'e krite krige.
De earste bekende fermelding fan Gilze komt út in skinkingsakte út it jier 992, dêr't it doarp as "villa Gillesela" oantsjut wurdt. Dy akte waard opsteld troch Hilsondis, grevinne fan Strijen, opsteld, dy't har besittings oan 'e abdij fan Thorn joech. Alhoewol't der fragen binne oer de echtheid fan it dokumint, wurdt de ynhâld as betrouber beskôge troch oare boarnen.
Rijen waard foar it earst yn in akte út 1404 neamd, dêr't sprake is fan grûn yn "ten Rijden". De namme komt nei alle gedachten fan "rijt", itjinge "lytse wetterrin" betsjut. Yn 1464 krige Rijen tastimming om in kapel te bouwen en yn 1524 waard Rijen in selsstannige parochy.
Yn 1863 waard it stasjon Gilze-Rijen iepene, wat in grutte ympuls oan 'e yndustriële ûntwikkeling joech, benammen yn Rijen. De learyndustry groeide hurd en Rijen waard in wichtich plak yn 'e regio.
Yn 1939 waard om de beide doarpen mear mei inoar te ferbinen in nij gemeentehûs boud op Nerhoven, tusken Gilze en Rijen. Dat gebou waard yn 1944 yn 'e Twadde Wrâldkriich ferneatige troch de Dútsers.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Gemeenten yn Noard-Brabân | |
|---|---|
| Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |

