Gildo

Ut Wikipedy

Gildo wie in Romeinsk generaal fan Berbersk komôf út de provinsje Mauretania, yn it noarden fan it hjoeddeiske Marokko en Algerije. Hy late de saneamde Gildonske Opstân fan de Berbers tsjin de Romeinen en wie in skoft hearsker fan in ûnôfhinklik Berberryk yn noardlik Afrika. Syn namme betsjut sokssawat as hearsker/kening yn 'e Lybysk-Berberske taal. It hjoeddeiske Berberske wurd foar kening, Agellid, is dêrmei besibbe.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gildo waard berne yn in rike Mauretanyske famylje. Syn heit Nubel, wie offisier yn it Romeinske leger. Hy hie fiif bruorren, Firmus, Maskezel, Mazuka, Sammak en Dius neamd der't de measten fan krekt as him tjsinne yn 't leger. Ek hied er in suster mei de namme Kyria. [1].

Doe't syn broer Firmus, dy't in hege funksje yn it leger beklaaide, yn 375 yn opstân kaam tsjin keizer Falentinianus I, blieau Gildo trou oan 'e keizer. Doe't de opstân fan syn broer delslein wie, waard Gildo foar syn loyaliteit oan 'e keizer beleanne mei in grutte hoemannich stik lân en jild. Letter yn 386 beneamde keizer Teodoasius I him ta greve fan de provinsje Afrika en Magister utriusque militiae per Africam (generaal).

Opstân tsjin Rome[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gildo regearre de provinsje mei in grutte mate fan ûnôfhinklikens. Hy libbe yn Kartago mei praal en pracht as in grut afro-oriïntaalske kening. Oer him binne in pear nuvere eksessen optekene, sa woe er krekt as kei in flekt minskeras kweke.[2] Syn macht naam ta nei de dea fan keizer Teodoasius yn 395. It ryk waard doe yn in westlik en in eastlik part splitst, wêrby't de provinsje Afrika de rol fan nôteskuorre foar Rome krige. In rol dy't earder ferfolle waard troch it fruchtbere Egypte. Gildo rekke ferfolgens belutsen yn de machtstriid tusken de twa reginten fan de jonge keizers Honoarius en Arkadius. Oanset troch de politike machinaasjes fan de Eastromeinske regint Eutropius, woe Gildo him yn 397 oanslutte by it eastlik part fan it ryk. Yn opdracht fan Eutropius soarge hy dat de skippen mei nôt yn de havens bleaune en brocht dêrmei Stilicho, de oare regint yn 'e problemen. It ferliezje fan har nôteskuorre soe in katastrofe wêze foar de stêd en der ûntstie panyk yn Rome. Mei stipe fan de senaat lit Stilicho Gildo ta in fijân fan 'e steat ferklearre en begûn in oarloch tsjin him.

Gildo krige spul mei syn broer Maskezel, dy't foar him op 'e flecht sloech nei Itaalje. Maskezel gie nei it hof fan Honoarius wernei't Gildo wraak naam op syn broer troch syn beide soannen te fermoardzjen. Maskezel krige fan Stilicho it befel oer it leger dat yn 'e oarloch tsjin Gildo nei Afrika stjoerd waard. [3]

De oarloch wie koart en bûnich, it wie Maskezel dy't Gildo úteinlik ferslaan soe. Nei de nederlaach moast Gildo yn in lyts boatsje flechtsje, yn 'e hope de freonlike kusten fan it East-Romeinske Ryk te berikken. Lykwols dreau neigeande wyn it skip werom nei de haven fan Tabraca. Gildo waard finzen set en dy himsels tekoart troch himsels op te hingjen op 31 july 398. [4] Nei de nederlaach fan Gildo waarden al syn besittings yn beslach naam en ta keizerlik eigendom makken.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Primêre boarnen:

Sekundêre boarnen:

Fuotnoat:

  1. Jones, A.H.M., Martindale, J.R., Morris,J., Prosopography of the later Roman Empire, part I. side 633, (7 maart 1971)
  2. Schreiber, H., De Goten, vorsten en vazallen, side 122-124, (1979)
  3. Gibbon, The Decline and Fall of the Roman Empire.
  4. T. B. Harbottle, Dictionary of Battles, side 246, (1979)
  5. Jones, A.H.M.; Martindale, J.R.; Morris, J., Prosopography of the later Roman Empire, part I. side. 396, (7 maart 1971)