Gifslang

In gifslang is in reptyl út it ûnderskift fan 'e slangen (Serpentes) dat by steat is om gif te produsearjen. It giet dêrby om likernôch 725 soarten slangen, oftewol om-ende-by 18,6% fan 'e 3.900 ûnderskate slangesoarten dy't wrâldwiid foarkomme. Ta de gifslangen hearre mar soarten út 4 (fan 'e ±50) slangefamyljes, mar dêrûnder binne wol guon fan 'e bekendste kloften slangen, lykas njirren, rattelslangen, kobra's, mamba's, pofnjirren, seeslangen, kraiten, platsturten of seekraiten, koraalslangen, mokkasinslangen en brune slangen.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gifslangen hearre ta fjouwer ûnderskate taksonomyske famyljes: de njirren (Viperidae), de graafnjirren (Atractaspididae), de koraalslangeftigen (Elapidae) en de glêde slangen (Colubridae), hoewol't fan dy lêste kloft lang net alle soarten giftich binne en allinnich de beamslang (Dispholidus typus) gefaarlik is foar minsken.
Giftigens is in skaaimerk dat gifslangen diele mei beskate oan 'e slangen besibbe groepen hagedissen: de roofhagedissen (Helodermatidae), mei as bekendste soarte it Gilameunster (Heloderma suspectum), en de faranen (Varanidae), mei as bekenste soarte de Komodofaraan (Varanus komodoensis). Mei-inoar foarmje dy groepen binnen it skift fan 'e skobhûdigen (Squamata) de rangleaze klade fan 'e gifskobhûdigen (Toxicofera).
Tatsjinning fan gif
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gifslangen brûke harren gif om har proaien te oerweldigjen. It komt mar selden foar dat se it ynsette ta selsferdigening. It gif is eins in oanpaste foarm fan flibe, dy't by de proai yn 'e bloedsomrin ynjektearre wurdt troch in byt. By de njirren, graafnjirren en koraalslangeftigen binne de lange hoektosken hol en steane se yn ferbining mei klieren wêryn't it gif oanmakke wurdt. By de giftige soarten fan 'e glêde slangen, de saneamde 'efterhoektoskigen', binne de hoektosken solide mar hawwe se oan 'e efterkant in lytse fertikale skreef dêr't it gif trochhinne rint yn 'e bytwûne.
Gifslangen binne oer it algemien fan natuere net agressyf en falle net samar minsken oan om't minsken fierstente grut binne om troch te slokken en dêrom bûten de proaiseleksje fan alle gifslangen falle. Redens om wol in minske oan te fallen, kinne wêze: dat de slang ferwûne en dêrtroch betize en agressyf is, dat de minske de slang skrikke lit, dat de slang him bedrige fielt of dat de slang (bgl. troch kweajonges) moedwillich provosearre wurdt.

Gefolgen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Net alle gifslangen binne like giftich. Guon soarten binne bygelyks giftich genôch om in kjifdier te deadzjen, mar net giftich genôch om in hûn te deadzjen. Oaren binne giftich genôch om in hûn te deadzjen, wylst minsken in byt wol oerlibje kinne. Wer oaren binne sa giftich dat ien doazis wol tsien minsken deadzje kin. It resultaat fan 'e byt fan in gifslang hinget sadwaande sterk ôf fan hokker soarte de byt ôfkomstich is. Oard is it ek tige fan belang hoe'n grutte doazis men binnenkrigen hat. Ek de lokaasje fan 'e byt op it lichem kin ferskil útmeitsje (wat fierder by it hert wei wat better). Slangegif hat sawol neurotoksyske as hemotoksyske eigenskippen. Dat betsjut dat in slangebyt min ticht wol om't it bloed troch it gif net stjurje wol, mar ek dat slangegif it senuwstelsel oanfalt, wat ta slimme pine liedt.
Guon soarten kobra's, de saneamde spuiende kobra's, kinne har gif net alllinnich troch in byt ôfleverje, mar kinne ek gif spuie yn 'e rjochting fan datjinge dat se as in bedriging beskôgje. As men har gif op dy manear yn 'e eagen kriget, kin it wol ta blinens liede.
Fan 'e likernôch 725 ûnderskate soarten gifslangen wrâldwiid hawwe mar 250 soarten in gif dat sterk genôch is om in minske te deadzjen. Nettsjinsteande dat moat men nei it oprinnen fan in slangebyt altyd fuortendaliks medyske fersoarging sykje. Foar de measte soarten slangegif bestiet wol in anty-gif dat gâns helpe kin by de genêzing fan 'e byt.
Der bestiet oangeande it resultaat fan slangebiten in grutte kleau tusken de Westerske wrâld en ûntwikkelingslannen. Yn Austraalje, ien fan 'e lannen mei de measte ekstreem giftige slangen, komt yn trochsneed mar 1 persoan yn 't jier om troch in slangebyt. Yn Yndia komme jiers wol 50.000 minsken om troch slangebiten. Om't Yndia in befolking hat dy't 50 kear sa grut is as dy fan Austraalje, soe dat oantal by in gelikense sitewaasje op 50 deaden yn 't jier lizze moatte. It ferskil sit him dêr yn 'e beskikberens fan 'e juste medyske fersoarging, hoewol't ek it feit in rol spilet dat yn Yndia de lânbou faak noch mei de hân giet, wat minsken nauwer mei slangen yn kontakt bringt as wannear't men op 'e trekker sit.
De giftichste gifslangen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der besteane ferskate manearen om giftigens by slangen te mjitten, en wat de giftichste slangen binne, hinget sadwaande ôf fan 'e metoade dy't brûkt wurdt. Guon boarnen jouwe de folgjende top 10:[1][2][3]



- de ynlânske taipan (Oxyuranus microlepidotus) út Austraalje
- Dubois' seeslang (Aipysurus duboisii) út 'e súdwestlike Stille Oseaan
- de brune slang (Pseudonaja textilis) út Austraalje
- de gielbealchseeslang (Hydrophis platurus) út 'e hiele Stille en Yndyske Oseaan
- Perons seeslang (Hydrophis peronii) út 'e Súdsineeske See, de seeën fan 'e Yndyske Arsjipel en de Koraalsee
- de taipan (Oxyuranus scutellatus) út Austraalje
- de rjustreekte krait (Bungarus multicinctus) út noardlik Súdeast-Aazje, súdlik Sina, Hainan en Taiwan
- de swartbânplatsturt of swartbânseekrait (Laticauda semifasciata) út 'e westlike Stille Oseaan
- de Australyske tigerslang (Notechis scutatus) út Austraalje
- de snaffelseeslang (Hydrophis schistosus) út 'e Perzyske Golf, Yndyske Oseaan, seeën fan 'e Yndyske Arsjipel en Golf fan Tailân
In oare boarne jout de folgjende top 10:[4]
- de taipan (Oxyuranus scutellatus) út Austraalje
- de ynlânske taipan (Oxyuranus microlepidotus) út Austraalje
- de wâldkobra (Naja melanoleuca) út Afrika
- Dubois' seeslang (Aipysurus duboisii) út 'e súdwestlike Stille Oseaan
- de brune slang (Pseudonaja textilis) út Austraalje
- de swarte mamba (Dendroaspis polylepis) út Afrika
- Russells njirre (Daboia russelii) út Yndia
- de beamslang (Dispholidus typus) út Afrika
- de keningskobra (Ophiophagus hannah) út Súd- en Súdeast-Aazje
- de rûge lânspuntslang (Bothrops asper) út Midden-Amearika en it noardeasten fan Súd-Amearika
Gifslangen yn Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Nederlân komme mar trije soarten slangen foar: de njirre (Vipera berus), de ringslang (Natrix natrix) en de glêde slang (Coronella austriaca). De blynslang (Anguis fragilis), dy't ek yn Nederlân libbet, is nettsjinsteande de namme gjin slang mar in poatleaze hagedis. Fan 'e neamde trije soarten slangen is inkeld de njirre in gifslang. Syn byt is yn teory foar minsken gefaarlik, yn 'e sin dat men jin der goed siik fan fiele kin. Mar yn 'e praktyk komt in njirrebyt yn Nederlân mar tige selden foar: likernôch trije kear yn 't jier. Yn 'e medyske literatuer wurde yn Nederlân mar trije gefallen neamd wêryn't in njirrebyt ta de dea fan in persoan late, de lêste kear yn 1946. (Ta ferliking: yn 2006 wiene der yn Nederlân 50.000 gefallen fan minsken dy't troch in hûn biten waarden, en fan 1996 oant 2006 wiene der yn Nederlân 15 gefallen fan minsken dy't ferstoaren troch in hûnebyt.)[5]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
