Gießen

Ut Wikipedy
Gießen
Bahnhofstraße
Bahnhofstraße
Emblemen
               
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Hessen
Regierungsbezirk Gießen
Stedsyndieling 6 stedsdielen
Sifers
Ynwennertal 91.255 (2021)
Oerflak 72,61 km²
Befolkingsticht. 1.257 ynw./km²
Hichte 159 m.
Oar
Postkoade 35390, 35392, 35394, 35396, 35398
Koördinaten 50° 35' N 8° 40' E
Offisjele webside
giessen.de
Kaart
Gießen (Hessen)
Gießen

Gießen is in stêd yn de Dútske dielsteat Hessen. De universiteitsstêd is it bestjoerlike sintrum fan it Regierungsbezirk Gießen en de lânkring Gießen.

Mei de tsien kilometer westlik lizzende stêd Wetzlar yn de Lahn-Dill-Kreis foarmet de stêd in stêdekloft mei likernôch 200.000 ynwenners.

Mei in universiteit en ferskillende hegeskoallen telt de stêd in soad studinten.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wilhelm von Gleiberg stifte yn 1152 in wetterkastiel yn de delte fan de Lahn en ferhûze syn sit fan it kastiel Gleiberg dêrhinne. Dêrmei waard de basis foar de lettere stêd Gießen lein. It kastiel Gleiberg dat likernôch 8 kilometer noardwestlik fan de hjoeddeiske stêd stiet, waard yn de 10 iuw troch de Konradinen stifte en gyng tsjin it ein fan de 10e iuw oer op de Lúksemboargers, dy't dêr it greefskip Gleiberg oan de Lahn stiften. It wetter joech de namme oan de stêd, om't it kastiel zu den Giezzen (oan it wetter) boud wie.

De stêd yn de 16e iuw

Yn de jierren 1530 waard de stêd fersterke mei bolwurken. Op 27 maaie 1560 ferneatige in grutte stedsbrân it noardlike diel fan de stêd. By in dieling fan it lângreefskip waard de stêd ûnderdiel fan Hessen-Marburg en sûnt 1604 fan Hessen-Darmstadt. Yn 1605 waard yn Gießen it Gymnasium Ludovicianum as latynske skoalle stifte. Op 19 maaie 1607 makke in privileezje fan keizer Rudolf II it stiftsjen fan in universiteit mooglik. Twa jier letter waard de botanyske tún iepene, ien fan de âldsten fan it lân dy't noch op de oarspronklike lokaasje leit. De pest soarge yn de jierren 1634-1635 foar in foarse tebekgong fan it ynwennertal fan de stêd.

Gießen en omkriten hiene yn de 18e iuw ferskillende kearen te lijen fan kriichsgeweld en besetting fan frjemde troepen.

Yn 1803 waard Gießen de haadstêd fan de nije provinsje Oberhessen yn it Hartochdom Hessen.

Twadde Wrâldkriich
It âlde Gießen foar de bombardeminten (1920)

Op 2 desimber en yn 'e nacht fan 6 op 7 desimber 1944 bombardearre de Royal Air Force de stêd. By it twadde bombardemint waard hast de hiele histoaryske binnenstêd troch fjoerstoarmen ferneatige. Likernôch 390 minsken ferstoaren en om 30.000 minsken hinne waarden dakleas makke. It stasjon, it spoar en de militêre ynstellings fan de stêd bleaune dêrfoaroer foar it meast yntakt.

It hie lykwols foar Gießen noch slimmer útpakke kinnen: in diel fan de bommen fan it twadde bombardemint waarden boppe it Bergwerkswald smiten. In soad fan de kringfoarmige puollen dêr binne bommekraters.

Op 11 desimber 1944 smieten 353 B-17-bommesmiters fan de United States Army Air Forces by in sletten wolkedek 731 ton eksplosiven en 1116 tonnen brânbommen ôf. In soad minsken ferstoaren yn de moannen dêrnei troch oanfallen fan leechfleanende jagers. Op 28 maart makke de yntocht fan Amerikaanske troepen foar de ynwenners in ein oan de kriich. De stêd wie foar twatredde weifage, de binnenstêd wie foar 90% ferneatige.

Nei de kriich

Nei de kriich fûn de weropbou plak. Alde perselen yn de binnenstêd waarden ta gruttere ienheden gearfoege, stritten en pleinen waarden ferbrede en de pubikle romtes waard oanpast foar it drokker wurdende ferkear. Ruïnes waarden ôfbrutsen, mar ek gebouwen dy't yn alle gefallen noch foar weropbou yn 'e beneaming kamen, lykas it 500 jier âlde riedshûs, waarden sloopt en ferfongen troch moderne bou. In tal gebouwen út dy tiid, lykas de heechbou oan de Berliner Platz en it kongresgebou, binne yntusken al wer ôfbrutsen. Sa ek it yn 1961 boude en yn 2006 ôfbrutsen stedhûs.

Gießen hie nei de kriich in Amerikaanske basis. It 'US-Depot Gießen' en de lokaasje 'Army & Air Force Exchange Service' (AAFES) hiene in wichtige funksje foar de befoarrieding fan it Amerikaanske leger yn Europa. Doe't der in ein oan de Kâlde Kriich kaam, waarden de Amerikaanske militêre aktiviteiten yn fazes ôfboud en yn septimber 2007 waard it depot hielendal sluten. De Amerikanen hawwe lykwols noch jimmeroan in militêr oefenterrein op de Hohe Warte.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gießen leit oan de Lahn op it plak dêr't de rin fan de rivier feroaret fan súdlike yn westlike rjochting. Om de stêd hinne lizze trije middelberchtmes: it Westerwald yn it west, de Taunus yn it súdwest en eastlik dêrfan de Vogelsberg. Allinne nei it suden ta iepenet it lânskip him nei de flakte.

Stedsyndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De oarspronklike stêd foarmet mei in oerflak fan om en de by 40 km² en likernôch 65.000 ynwenners de kearnstêd. Dêrnjonken hearre der noch fiif stedsdielen as Ortsbezirke by it stedsgebiet. Yn 1939 waarden Wieseck yn it noardeasten en Kleinlinden yn it súdwesten by de stêd yndield. De stedsdielen Allendorf an der Lahn yn it súdwesten en Rödgen yn it easten folgen yn 1971 en yn 1979 waard ek Lützellinden yn it súdwesten by Gießen foege.

Nr. Stedsdiel Ynwennertal op 30 desimber 2019 [1] Kaart
01 Binnenstêd 20.886
02 Noard 10.301
03 East 17.199
04 Súd 10.288
05 West 8.468
06 Wieseck 10.071
07 Rödgen 1.916
08 Schiffenberg 588
09 Kleinlinden 4.805
10 Allendorf 2.09
11 Lützellinden 2.506
Meiïnoar Gießen 89.117

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [1].