Gieren
| Gieren | ||
| Feale gier (Gyps fulvus) | ||
| Taksonomy | ||
| ryk: | dieren (Animalia) | |
| stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
| skift: | rôffûgels (Accipitriformes) | |
| famylje: | haukfûgels (Accipitridae) | |
| skaai | gieren (Gyps) | |
| Savigny, 1809 | ||
Gieren of echte gieren (Gyps) foarmje in rôffûgelskaai út de famylje haukfûgels (Accipitridae). De wittenskiplike namme fan it skaai waard yn 1809 troch Marie Jules César Savigny publisearre. De typesoarte fan it skaai is de feale gier (Gyps fulvus).
Gieren út dit skaai binne grutte rôffûgels mei brede wjukken en in koarte sturt. Se binne spesjalisearre yn it iten fan karkassen. Karakteristyk is de lange, keale of mei dûns bedutsen nekke, sadat de fearren net smoarch reitsje as de fûgel mei de kop djip yn in karkas fret. It fearrekleed is meastentiids brún, griis of donker fan kleur, faak mei in kraach fan fearren oan 'e basis fan 'e nekke.
De fûgels steane bekend om harren fermogen om oerenlang op 'e termyk te sweven sûnder in soad enerzjy te ferbrûken. Se hawwe in tige goed gesichtsfermogen, wêrmei't se fan grutte hichte ôf deade bisten op 'e grûn fine kinne. Se binne sosjaal en wurde faak yn grutte groepen by karkassen sjoen. Se briede meastentiids yn koloanjes op steile kliffen of heech yn beammen.
It skaai komt foar yn 'e waarmere dielen fan 'e Alde Wrâld, wêrûnder Afrika, it Middellânske Seegebiet en it suden fan Aazje. In soad soarten út it skaai wurde hjoed-de-dei slim bedrige troch fergiftiging en ferlies fan leefgebiet.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It skaai bestiet út acht soarten:
| Ofbyld | Fryske namme | Wittenskiplike namme | Fersprieding | Status/ Trend |
|---|---|---|---|---|
| Bingaalske gier | Gyps bengalensis | Súd- en Súdeast-Aazje | krityk | |
| feale gier | Gyps fulvus | Middellânske Seegebiet, West- en Sintraal-Aazje | net bedrige | |
| Yndyske gier | Gyps indicus | Yndia en súdeastlik Pakistan | krityk | |
| Kaapske gier | Gyps coprotheres | Súdlik Afrika | kwetsber | |
| sniegier | Gyps himalayensis | Himalaya en it Tibetaansk Heechlân | hast bedrige | |
| sparwergier | Gyps rueppellii | Sahel-regio en East-Afrika | krityk | |
| tinsnaffelgier | Gyps tenuirostris | Gangesflakte en Súdeast-Aazje | krityk | |
| wytrêchgier | Gyps africanus | Afrika besuden de Sahara | krityk |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
