Gielwjuktangare
Gielwjuktangare | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Tangara abbas | ||||||||||||
Deppe, 1830 | ||||||||||||
![]() | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De gielwjuktangare (Thraupis abbas) is in fûgelsoarte út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).
De soarte wurdt as monotypysk behannele. Dat betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.
Beskriuiwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gielwjuktangaren wurde oant 18 sm lang. De fûgel docht syn namme eare oan mei it giele plak op 'e swarte wjuk. Fierder binne der gjin opfallende kleuren, mar by goed ljocht ferskine der prachtige lila tinten op 'e fearren.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel hat syn ferspriedingsgebiet yn Midden-Amearika, fan súdeastlik Meksiko oant noardlik Kosta Rika. De fûgels libje yn tropysk leechlân en oan 'e foet fan heuvels. Dêr hat de soarte de foarkar foar boskrânen en iepen bosk, mar ek healiepen gebieten yn parken of tunen mei gruttere beammen. De soarte siket op middelgrutte oant hegere hichte yn 'e begroeïng nei fruit. Faak binne se ek op elektrisiteitstriedden te sjen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en tocht wurdt dat de oantallen tanimme. De IUCN klassifisearret de fûgel dêrom as net bedrige (LC, 2021). De wrâldpopulaasje fan 'e soarte wurdt op in heal oant fiif miljoen folwoeksen fûgels rûsd (2019).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|