Springe nei ynhâld

Gielwjukamazône

Ut Wikipedy
Gielwjukamazône
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljePappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
skaaiAmazônepappegaaien (Amazona)
soarte
Amazona barbadensis
Gmelin, 1788
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De gielwjukamazône (Amazona barbadensis) is in pappegaai-eftige út de famylje fan 'e pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). Op Bonêre stiet de fûgel ek bekend ûnder de lokale namme Lora.[1]

De gielwjukamazône wurdt likernôch 33 oant 35 sm lang en is foar it grutste part grien mei swarte seamen oan 'e fearren. De fûgel hat in opfallende griiswite foarholle. De wangen en de kiel binne giel, lykas de boppekant fan 'e wjukken (de "skouders"), dêr't de fûgel syn namme oan tanket. De snaffel is hoarnkleurich (ljochtgriis/wyteftich) en it each is oranjebrún. Der is gjin sichtber ferskil tusken mantsjes en wyfkes.

De soarte hat in tige beheind ferspriedingsgebiet yn it noarden fan Fenezuëla yn 'e kustregio's fan 'e Fenezolaanske steaten Falcón en Lara en it eilân Margarita (dêr't de populaasje tige lyts is). De fûgel komt ek foar op 'e eilannen Bonêre, Blanquilla en Kurasau. Op Arûba wie de fûgel sûnt de jierren 1940 útstoarn, mar yn 2024 binne dêr wer fûgels fan 'e soarte loslitten fan in yn 2022 ûntdutsen yllegaal transport strûpte bisten.[2]

Oars as de wittenskiplike namme (barbadensis) sugerearret, komt de fûgel net foar op Barbados. Dat wie in fersin fan 'e beskriuwer yn 1788.

De fûgel briedt fan maaie oant augustus, mar kin regionaal febrewaris–july wêze. Der wurdt gjin nêst boud, mar der wurdt in holte yn in beam of rots brûkt. De measte pearkes bliuwe in libben lang byinoar en brûke alle jierren itselde nêst. Der wurde trochstrings trije aaien lein, dy't yn 28 dagen bebret wurde. By it brieden is it wyfke ôfhinklik fan it mantsje foar it iten. Nei it útkommen fan 'e aaien duorret it twa moannen dat de jonge fûgels al hast op folwoeksen fûgels lykje. Se bliuwe ek nei it ferlitten fan it nêst noch in pear moanne yn famyljeferbân byinoar.

De gielwjukamazône wurdt troch de IUCN klassifisearre as gefoelich (Near Threatened). De wrâldpopulaasje wurdt rûsd op minder as 10.000 folwoeksen fûgels. Bedrigings binne de streuperij, it rôvjen fan piken út it nêst foar de (lokale) húsdierhannel, it habitatferlies troch oerbeweiding fan geiten en ezels dy't jonge beammen opite en troch de oanlis fan diken en gebouwen. Benammen op it fêstelân fan Fenezuëla is sânwinning foar de bou ek in bedriging foar de fûgel.

Yn 'e avikultuer is de gielwjukamazône frij seldsum. Troch de kwetsbere status jilde der tige strange regels foar it hâlden en ferhanneljen fan dizze fûgels (CITES Appendix I). Op Bonêre wurdt de fûgel sjoen as in symboal fan it eilân en binne der ferskate beskermingsprogramma's, lykas dy fan Echo Bonaire.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: