Springe nei ynhâld

Gielsnaffelreager

Ut Wikipedy
gielsnaffelreager
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljereagerfûgels (Ardeidae)
skaaireagers (Ardea)
soarte
Ardea brachyrhyncha
Children & Vigors, 1826
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De gielsnaffelreager (Ardea brachyrhyncha; synonimen: Mesophoyx intermedia brachyrhyncha, Egretta intermedia brachyrhyncha, Ardea intermedia brachyrhyncha) is in Afrikaanske fûgelsoarte yn 'e famylje reagers (Pelecanidae). Earder waard de fûgels as in ûndersoarte fan 'e middelste wite reager (Ardea intermedia) beskôge, mar hjoed-de-dei wurdt er jimmeroan mear as in aparte soarte behannele.

De gielsnaffelreager is in middelgrutte (65–72 sm) wite reiger en sit wat formaat oanbelanget tusken de lytse wite reager en de grutte wite reager yn. Hy ferskilt fan 'e Aziatyske middelste wite reager mei't er yn it briedkleed in gielrôze snavel hat, yn stee fan swart. Hy is ek folle minder giel op 'e stút en it gesicht, en hat readeftige yn stee fan swarte boppepoaten. Nijsgjirrich is dat er, nettsjinsteande de grutte geografyske ôfstân, mear liket op 'e Australyske plúmreager, mar de lêste is lytser en hat in langere snavel, in oare rop en in oare balts, wêrby't de kop nei it boarst ta lutsen wurdt.

Gielsnaffelreagers libje yn Subsaharaansk Afrika fan Senegal yn it easten oant noardlik Sûdan en súdlik oant Súd-Afrika. De fûgel mijt de woastyngebieten en it Kongobekken. Ut en troch wurdt de soarte oantroffen op 'e Seysjellen en de Kaapverdyske eilannen.

Earder waard de gielsnaffelreager as in ûndersoarte fan 'e middelste wite reager (Ardea intermedia). Sûnt 2014 wurdt de fûgel troch Birdlife International en de IUCN lykwols as in aparte soarte ûnderskieden en sûnt 2023 troch eBird/Clements en it IOC op basis fan syn ûnderskiedende ferskining. De gielsnaffelreager waard earder yn it skaai Egretta set of yn syn eigen skaai Mesophoyx, mar út DNA-stúdzjes die bliken dat de fûgel besibbe is oan Ardea.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gielsnavelreiger wurdt benammen yn it binnenlân yn wiete gebieten mei in oerfloed oan wetterplanten waarnommen. Hy yt meastentiids fiskjes fan minder as 10 sm lang, mar ek kikkerts, slangen en ynsekten. It briedseizoen ferskilt geografysk.

Status en bedrigingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en der wurdt tocht dat de oantallen tanimme. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) kategorisearret de soarte dêrom as net bedrige (Least Concern, 2024). De wrâldpopulaasje wurdt tusken de 25.000 en 100.000 folwoeksen fûgels rûsd.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: