Gielsnaffelglee
| gielsnaffelglee | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Milvus aegyptius | ||||||||||||
| Gmelin, 1788 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
De gielsnaffelglee (Milvus aegyptius) is in rôffûgel út de famylje fan 'e haukfûgels (Accipitridae). Dizze fûgel is nau besibbe oan 'e swarte glee (Milvus migrans), mar wurdt hjoed-de-dei meastentiids as in aparte soarte beskôge.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De gielsnaffelglee liket in soad op 'e swarte glee, mar it meast opfallende ferskil by folwoeksen fûgels is de snaffel: dy is folslein giel, wylst de swarte glee in donkere snaffel hat mei in giele waakshûd. De fearren binne brún oant donkerbrún en de sturt is justjesfoarke, al is dy minder djip ynsnien as by de reade glee. De fûgel hat in spanwiidte fan likernôch 140 oant 150 sm.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar yn hast hiel Afrika súdlik fan 'e Sahara, yn it noardeasten fan Afrika (ynklusyf Egypte) en op it súdwestlike part fan it Arabysk Skiereilân. Der wurde twa ûndersoarten ûnderskieden:
- M. a. aegyptius: Egypte, it noardeasten fan Afrika en súdwestlik Araabje.
- M. a. parasitus: Afrika súdlik fan 'e Sahara, ynklusyf de Kaapverdyske Eilannen en Madagaskar.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielsnaffelglee is in opportunistyske jager en in echte allesiter. Hy fret lytse sûchdieren, fûgels, reptilen en ynsekten, mar hy skarrelt ek op jiskebulten om by doarpen, stêden en slachthuzen. Se binne tige betûft yn 'e loft en kinne sels iten út de hannen fan minsken of fan 'e hannel fan merklju "stelle".
De fûgel is monogaam en briedt yn in nêst fan tûken, dat faak beklaaid wurdt mei allerhanne materiaal dat se fine, lykas papier, plestik of stikken tekstyl. Se lizze meastentiids twa oant trije aaien.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielsnaffelglee hat in tige grut ferspriedingsgebiet, mar de soarte liket ôf te nimmen. De soarte op de Reade list fan de IUCN de status net bedrige (Least Concern).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Glee
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn de Komoaren
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Majot
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Uganda
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
