Gielskouderparkyt
| Gielskouderparkyt | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
in wyfke (l.) en in mantsje (rj.) | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Psephotellus chrysopterygius | ||||||||||||
| Gould, 1858 | ||||||||||||
De gielskouderparkyt (Psephotellus chrysopterygius; synonym: Psephotus chrysopterygius) is in fûgelsoarte út 'e famylje Pappegaaien fan de Alde Wrâld (Psittaculidae). It is in bedrige soarte dy't endemysk is yn noardlik Austraalje.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De slanke fûgel wurdt 23 oant 28 sm lang. De kop fan it mantsje is blaugrien mei swart op 'e kroan en sitroengiel by de snaffel. It boarst is blau en grien en de búk en anaalstreek binne salmkleurich mei dêrtusken wite fearfjildsjes. De rêch, de stút en de lytse wjukdekfearren inne griisbrún mei op it skouder in heldergiele bân. De snaffel is hoarnkleurich, de eagen binne brún en de poaten binne griisbrún. It wyfke is meast griengiel en hat in brede rjemmekleurige bân oan 'e ûnderkant fan 'e wjuk. Jonge fûgels komme nei likernôch 16 moannen op kleur.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is endemysk yn Austraalje en libbet allinne op it Kaap York-skiereilân (Queensland). Yn it grutste part fan it oarspronklike ferspriedingsgebiet is de fûgel yntusken útstoarn.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet yn lytste gebieten fan healwoastyn mei tropysk gerslân en hjir en dêr beammen. Se foerazjearje op 'e grûn en ite sied fan gerssoarten en somtiden ek bloeisel en knoppen. Se rêste op it hytst fan 'e dei yn beammen, fral by wetter. It nêst wurdt yn in termitebulte op 'e grûn boud, dêr't de fûgel in tunnel en in keamer yn makket. De termiten soargje foar it ôftichtsjen fan de binnenwanden. Bûten de briedtiid komt de fûgel yn groepen foar.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte hat earder slim te lijen hân fan 'e yntroduksje fan weidzjend fee, dat it lânseigen gers opfriet. Ek waarden grutte gebieten gerslân ôfbaarnd, wêrtroch't der dêrnei mear beammen groeiden en it gers minder romte krige. De fûgel waard ek in soad út it wyld fongen foar de hannel. Dy hannel is hjoed-de-dei ferbean en de soarte stiet op 'e list fan Appendix I fan it CITES-ferdrach. De grutte fan 'e populaasje wurdt op 780 oant 1100 folwoeksen fûgels rûsd (2020).
Der binne plannen ûntwikkele foar it behâld fan 'e gielskouderparkyt. It bouwen fan hekken om it restearjende gebiet moatte de fûgel in feilich biotoop biede. Ek binne der goede ûnderfinings mei de ynset fan dingo's om de nêsten tsjin predaasje te beweitsjen. Dêroerhinne wurde gebieten yn it oarspronklike ferspriedingsgebiet geskikt makke foar de soarte troch beammen te ferwiderjen om it gers bettere groeikânsen te jaan.[1][2] De fûgel wurdt op 'e Reade list troch de IUCN as bedrige klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
