Gielpoatmiuw
| Gielpoatmiuw | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Larus michahellis | ||||||||||||
| Naumann, 1840 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De gielpoatmiuw (Larus michahellis) of de Middellânske Seemiuw is in fûgel yn it skaai miuwen (Larus) út de famylje seefûgels (Laridae).
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In folwoeksen gielpoatmiuw hat in soad fan 'e sulvermiuw, mar ynstee fan rôze giele poaten. Dêrnjonken hat de gielpoatmiuw lykas de lytse sjouwerman in reade eachring, dy't by de sulvermiuw donkergiel is. De rêch fan 'e gielpoatmiuw is tsjusterder as dy fan 'e sulvermiuw, mar ljochter as dy fan 'e lytse sjouwerman.
De juvenyl fan 'e soarte is dreech te ûnderskieden fan 'e sulvermiuw, mar oer it generaal is de gielpoatmiuw krekt wat ljochter fan kleur.
- Juvenyl
- Earste winterdracht
- Twadde winterdracht
- Tusken de twadde en tredde winterdracht
- Folwoeksen dracht
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Middellânske See is it sintrale briedgebiet fan 'e soarte. Yn Noard-Afrika komt de soarte foar yn Marokko, Algerije en Tuneezje. De fûgel is ek waarnommen yn Lybje en Egypte. Lytsere oantallen briede yn Israel en Syrje en gruttere oantallen op Syprus en yn Turkijke. Der binne koloanjes fan 'e gielpoatmiuw lâns de hiele Europeeske kust fan 'e Middellânske See en ek oan 'e westlike Swarte See. De fûgel komt ek op 'e Kanaryske Eilannen, Madeira en de Azoaren foar. De lêste tiid hat de fûgel syn ferspriedingsgebiet nei it noarden útwreide en hy briedt no ek yn lytse oantallen yn Sintraal-Jeropa. Yn 1995 waard it earste briedgefal yn Grut-Brittanje rapportearre.
De mearderheid fan 'e soarte is stânfûgel, wylst oaren migrearje nei West-Europa of fierder nei it suden en sels sa fier as Senegal, Gambia en de Reade See.
Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wis is dat der foar it earst yn Nederlân yn 2011 in pearke gielpoatmiuwen bret hat. Om't de soarte tusken grutte miuwekoloanjes dreech te ûnderskieden is, is der net in soad bekend hoefolle pearkes yn Nederlân briede. Wol is dúdlik dat de fûgel noch seldsum is. De measte briedgefallen binne yn it Deltagebiet en op 'e Maasflakte. As wintergast komt de fûgel yn wat gruttere getallen foar.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Der wurde yn 'e regel twa oant trije ûndersoarten ûnderskieden mei de folgjende fersprieding:
- Larus michahellis atlantis – briedt op 'e Azoaren. Der is lykwols gjin ienriedigens oer de fersprieding fan dit takson. Guon autoriteiten behannelje allinich de populaasje op 'e Azoaren as atlantis, wylst oaren ek it takson lusitanius opnimme.
- Larus michahellis lusitanius – briedt lâns de Atlantyske kust fan it Ibearysk Skiereilân, op Madeira, de Kanaryske Eilannen en oan 'e Atlantyske kust fan Marokko.
- Larus michahellis michahellis – de nominaatfoarm briedt om 'e Middellânske See hinne op it Ibearysk Skiereilân, yn Frankryk, Nederlân, Roemeenje, Switserlân, Eastenryk en Hongarije.
De populaasje dy't hjir as lusitanius beskreaun wurdt is wat lytser, hat in plattere foarholle, in smellere snaffel, koartere poaten en in skrillere rop as de oare twa ûndersoarten. It wurdt ek beskreaun as ien mei tsjusterder boppewjukken en rêgen yn ferlikening mei de nominaatfoarm. Der wurdt ek tocht dat de populaasje yn noardlik Spanje kategorisearre wurde kin as de ûndersoarte cantabricans.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel briedt benammen op rotskusten of rotsige en eilannen, mar ek gebieten mei hege fegetaasje by lagunes, riviermûningen of dunen wurde brûkt. Regionaal briedt de soarte ek op dakken yn kustdoarpen, stêden en havengebieten.
Bûten it briedseizoen wurdt de soarte yn kustgebieten sjoen, dêr't er foerazjearet op 'e iepen see, yn fiskershavens of op strannen. Hy wurdt ek op lânbougrûn, by wetterrinnen, grutte rivieren sjoen. De fûgel oerwinteret ek op jiskebulten.
Wat it iten oanbelanget is de fûgel lykas oare soarten in omnivoar en opportunist. Hy stelt ek iten fan oare fûgels.

Gielpoatmiuwen briede meast yn koloanjes. Tusken maart en begjin maaie wurde trije aaien lein, mea yn in nêst fan fegetaasje op 'e grûn op in richel. De aaien wurde yn 27 oant 31 dagen útbret en de jongen fleane nei 35 oant 40 dagen út.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Tocht wurdt dat de populaasje groeit. Op basis fan dy kritearia kategorisearret de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN) de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018). De Jeropeeske populaasje wurdt op 409.000 oant 534.000 pearkes rûsd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Miuw
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara
- Lânseigen fauna yn de Azoaren
- Lânseigen fauna yn Madeara
- Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen

