Gielpoatdo
| Gielpoatdo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Columba pallidiceps | ||||||||||||
| Ramsay, 1878 | ||||||||||||
De gielpoatdo (Columba pallidiceps) is in fûgel yn it skaai hôfdowen (Columba) út de famylje fan dowen (Columbidae). De soarte komt allinnich foar op 'e Salomonseilannen en de Bismarckarsjipel
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 36 oant 38 sm lange soarte liket op 'e wytkopdo (Columba leucomela). De gielpoatdo is folle donkerder, fan boppe swart mei in griene oant pearse glâns. De búk en it boarst binne ek donker en ha in pearse glâns. Opfallend binne de heldergiele poaten.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte libbet op 'e Salomons- en de Bismarckeilannen yn 'e reinwâlden of âld sekundêr bosk mei grutte beammen. De measte waarnimmingen wurde yn heuvelgebieten tusken 400 en 600 m boppe seenivo dien. De soarte wurdt as monotypysk beskôge, itjinge betsjut dat der gjin ûnderferdieling yn ûndersoarten bestiet.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje wurdt troch BirdLife International op 2500 oant tsientûzen folwoeksen fûgels rûsd (2018), mar de oantallen rinne tebek troch jacht en it ferlies fan geskikt leefgebiet. Bosk wurdt feroare yn agrarysk gebiet lykas it oanlizzen fan oaljepalmplantaazjes. De IUCN klassifisearre de fûgel as kwetsber (VU) op 'e Reade list.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard as Ianthaenas pallidiceps yn 1878 publisearre troch Edward Pierson Ramsay.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
