Gielmaskerpappegaai
| Gielmaskerpappegaai | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Poicephalus flavifrons | ||||||||||||
| Rüppell, 1849 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De gielmaskerpappegaai (Poicephalus flavifrons) is in pappegaaiesoarte yn it skaai grutkoppappegaaien (Poicephalus) út de famylje Pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). De soarte is endemysk yn Etioopje en monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin erkende ûnderferdieling yn ûndersoarten is. In twadde ûndersoarte P.f. aurantiifrons waard yn 1904 troch Neumann beskreaun, mar wurdt net erkend.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De likernôch 28 sm lange fûgel mei in spanwiidte fan 16 oant 18,8 sm is oer it generaal grien en hat in giele kop (foarholle, wangen en krún), útsein de efterkant fan 'e kop dy't ek grien is. De rêch is grien en de wjukken ha griene seamen. It boarst, de búk, de dijen en skouders binne gielgrien. De eachring is donkergriis oant hast swart en de iris oranjeread. De boppesnaffel is brúnich griis en de ûndersnaffel hoarnkleurich, de poaten binne brúneftich griis. Tusken poppen en mantsjes binne hast gjin ferskillen. Jonge fûgels ha in oliifgrien masker mei of sûnder giele fearkes.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt foar yn Sintraal-Etioopje yn bosken fan heechlannen tusken de 1000 en 3000 m.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oantallen fan 'e soarte nimme ôf troch habitatferlies. Der wurdt net jage op 'e fûgel foar wyldfang, de fûgel is net, of hast net, bekend yn 'e avikultuer. De grutte fan 'e populaasje is net kwantifisearre. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2024) klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
