Springe nei ynhâld

Gielkoptangare

Ut Wikipedy
Gielkoptangare
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljetangarefûgels (Thraupidae)
skaaiechte tangaren (Tangara)
soarte
Tangara xanthocephala
Tschudi, 1844
net bedrige
ferspriedingsgebiet

De gielkoptangare (Tangara xanthocephala) is in fûgelsoarte út de famylje tangarefûgels (Thraupidae).

De gielkoptanager wurdt likernôch 13 sintimeter lang en 15 oant 23,6 gram swier. De namme hat de soarte te tankjen oan 'e giele kop, dy't allinnich ûnderbrutsen wurdt troch in swart gesichtsmasker. De kiel en nekke binne ek swart. De ûndersoarte Tangara xanthocephala lamprotis hat in oranje kroan. It boarst is turkwaze, de búk is gielich. De rêch is swart mei griene plakken, de grutte fearren fan 'e wjukken binne swart en ha griene rânen. Mantsjes en wyfkes ferskille hast net, mar de wyfkes ha wat blekere kleuren.

Njonken de nominaatfoarm Tangara xanthocephala xanthocephala, dy't foarkomt op 'e eastlike hellingen fan 'e Andes yn 'e Perûaanske provinsje Chanchamayo, binne der noch twa oare ûndersoarten bekend:

De twa ûndersoarten.
  • Tangara xanthocephala lamprotis (L. Sclater, 1851) – yn 'e Perûaanske regio Ayacucho, de provinsje Cusco en it departemint Santa Cruz yn Bolivia.
  • Tangara xanthocephala venusta (L. Sclater, 1855) – yn 'e bergen fan Fenezuëla, Kolombia en Ekwador en de Perûaanske provinsje Cajamarca en de Pasco-regio.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgels ite benammen fruchten. De gielkoptanager libbet yn pearkes of yn lytse groepkes, somtiden mei oare tanagersoarten. Oer it briedgedrach is net in soad bekend.

De gielkoptanager is net seldsum yn beskerme gebieten en nasjonale parken en wurdt dêrom troch de Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan de Natuer (IUCN) op 'e Reade list klassifisearre as net bedrige (LC, 2024). Bûten de beskerme gebieten is in delgong fan 'e soarte waarnommen fanwegen it ferlies fan habitat.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: