Springe nei ynhâld

Gielkopstaar

Ut Wikipedy
Gielkopstaar
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljeprotterfûgels (Sturnidae)
skaaigielkopstaren (Ampeliceps)
Blyth, 1842
soarte
Ampeliceps coronatus
Blyth, 1842
IUCN-status: net bedrige

De gielkopstaar (Ampeliceps coronatus), ek gielkopmaina of gielkopprotter, is in sjongfûgel út de famylje fan 'e protterfûgels (Sturnidae). It is de iennige soarte yn it monotypyske skaai Ampeliceps.

Gielkopstaren binne middelgrutte protters en wurde 19 oant 21 sm lang. Se ha in swart fearrekleed mei in goudgiele foarholle en kroan, in goudgiele kiel en in oranjegiel plak om it each. Opfallend is ek it giele plak op 'e wjuk. De sturt is koart en stomp. It wyfke is minder giel op'e kroan en kiel as it mantsje.

De soarte komt foar fan Yndia oan Fjetnam en it noarden fan Maleizje en bewennet bosk yn leechlân en heuvels. Dêr foerazjearret er yn pearkes of lytse groepen yn 'e beamtoppen.

De fûgel hat in grut ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt dat de soarte yn oantallen ôfnimme troch ferlies fan habitat, al is dat net sa slim dat de soarte as beskôge wurde kin. De IUCN klassifisearret de fûgel op 'e Reade list as net bedrige (LC, 2016).

Boarnen, noaten en/as referinsjes: