Springe nei ynhâld

Gielkopamazône

Ut Wikipedy
Gielkopamazône
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljePappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
skaaiAmazônepappegaaien (Amazona)
soarte
Amazona oratrix
Ridgway, 1887
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De gielkopamazône (Amazona oratrix) is in fûgelsoarte yn it skaai amazônepappegaaien út de famylje Pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). De soarte is lânseigen yn Meksiko en it noarden fan Sintraal-Amearika.

Pearke yn it World Aquarium, Dallas.

Gielkopamazônes wurde 38 oant 43 sm lang. De nominaatfoarm is grien, mei giel op 'e kop en in wite eachring om de oranje iris. De wjukken ha giel en read op 'e skouders, reade dekfearren en donkerblauwe einen op 'e wjukfearren. De sturt is nei de ein ta griengiel mei reade markearings oan 'e basis fan 'e bûtenste sturtfearren.

Gielkopamazônes komme yn Belize, Gûatemala en Meksiko foar. Se libje yn ferskillende soarten lânskippen lykas boskrike gebieten oant savanne's, leafbosken en bosken oan rivieren oant 500 m boppe de seespegel. Yn it noarden fan it ferspriedingsgebiet hat de gielkopamazône in grutte foarkar foar relatyf drûge gebieten en yn it suden binne it faak wat mear fochtige gebieten en mangroves. De soarte libbet allinnich, mar ek yn groepen.

Der wurde fjouwer ûndersoarten ûnderskieden:

  • Amazona oratrix oratrix: komt foar op 'e hellingen oan 'e Stille Oseaan-hellingen fan súdlik en noardeastlik Meksiko en yn 'e leechlângebieten fan 'e Golf fan Meksiko .
  • Amazona oratrix belizensis: komt foar yn Belize.
  • Amazona oratrix hondurensis: komt foar yn it noarden fan Hondoeras.
  • Amazona oratrix tresmariae: (Marije-amazône): Tres Marías, 100 km westlik fan it Meksikaanske fêstelân.

De gielkopamazône stiet op 'e Reade list fan 'e IUCN as bedrige (EN, 2020). Yn it jier 2000 waard it oantal op 4.700 folwoeksen fûgels rûsd en de trend is negatyf. Troch it ûnboskjen foar lânbou, feehâlderij en stedsútwreiding is mear as 80% fan it natuerlik habitat ferdwûn. Dizze pappegaai wurdt faak fongen foar de yllegale (ynternasjonale) hannel, in soad fûgels oerlibje it transport net. Boeren beskôgje de fûgels as in pleach foar it gewaaks en ferfolgje se. Dêrnjonken kinne ek swiere stoarmen de nêstplakken ferneatigje, fral yn 'e kustkriten fan Belize en Gûatemala.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: