Gielfoarholle-amazône
| Gielfoarholleamazône | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Amazona ochrocephala | ||||||||||||
| (Gmelin, 1788) | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De gielfoarholle-amazône (Amazona ochrocephala) is in pappegaai-eftige út de famylje fan 'e pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte waard foar it earst yn 1788 troch de Dútske natuerûndersiker Johann Friedrich Gmelin publisearre.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgel wurdt likernôch 33 oant 38 sm lang en hat foar it grutste part griene fearren. It meast ûnderskiedende skaaimerk is it giele plak op 'e foarholle, dêr't de fûgel syn namme oan tanket. De snaffel is donkergriis oant swart, faak ljochter by de basis. De eachring is bleek en net befearre, wylst de iris oranjeread is. Der is gjin sichtber ferskil tusken mantsjes en wyfkes; it skaai kin allinnich troch DNA-ûndersyk of endoskopy fêststeld wurde.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielfoarholle-amazône hat in grut ferspriedingsgebiet fan Panama yn it noarden oant noardlik Bolivia en eastlik Brazylje yn it suden. De soarte wurdt yn ferskate ûndersoarten ferdield:
A. o. ochrocephala: eastlik Kolombia oant Guyana] en noardlik Brazylje. A. o. panamensis: West-Panama en Noardwest-Kolombia. A. o. nattereri: Súd-Kolombia oant Noard-Bolivia. A. o. xantholaema: it eilân Marajó yn 'e Amazônerivier (Brazylje).
De taksonomy fan dizze fûgel is kompleks; guon autoriteiten beskôgje de gielkopamazône (A. oratrix) en de gielnekamazône (A. auropalliata) ek as ûndersoarten, wylst oaren se as aparte soarten sjogge.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt troch de IUCN klassifisearre as 'net bedrige' (Least Concern). Hoewol't de populaasje yn oantallen ôfnimt troch habitatferlies en it fangen foar de hannel, is it ferspriedingsgebiet sa grut dat de fûgel noch net as bedrige beskôge wurdt.
Avikultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gielfoarholleamazône komt geregeld foar yn 'e avikultuer. Se steane bekend om harren fermogen om lûden en spraak nei te dwaan. Yn Europa binne se yn ferskate grutte dieretunen en fûgelparken te sjen, lykas yn Loro Parque (Spanje) en it Weltvogelpark Walsrode (Dútslân).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Amazônepappegaai
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Panama
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Perû
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
