Gieleachpinguïn
| gieleachpinguïn | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Megadyptes antipodes | ||||||||||||
| Miller, JF, 1778 | ||||||||||||
| IUCN-status: bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De gieleachpinguïn (Megadyptes antipodes) is in bedrige fûgelsoarte yn it skaai gieleachpinguïns (Megadyptes) út de famylje pinguïns (Spheniscidae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In folwoeksen gieleachpinguïn is likernôch 65 oant 68 sm lang en syn gewicht fariearret fan 5 oant 8 kg. De soarte hat in wyt boarst en in swarte rêch. In ljochtgiele bân rint fan 'e snaffel oer it each nei de efterkant fan 'e holle. De namme komt troch syn karakteristike giele eagen. Yn it Maoary wurdt de gieleachpinguïn Hoiho neamd, itjinge as lawaaierich oerset wurde kin en ferwiist nei syn skrille gjalp. De piken produsearje in heech piiplûd, fral as se roppich binne. Se wurde trochstrings 22 jier âld.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gieleachpinguïn komt allinnich foar oan 'e súdeastkust fan Nij-Seelân, Stewart Island en de noch súdliker lizzende Auckland- en Campbelleilannen.
Foar de kolonisaasje fan 'e Polyneezjers om 1200 nei Kristus hinne, hie de waitaha-pinguïn (Megadyptes waitaha), in oare soarte yn it skaai, in brede fersprieding oan 'e eastlike kust fan it Sudereilân fan Nij-Seelân. Oannommen wurdt dat de soarte al gau nei de komst fan 'e Polyneezjers tusken 1300 en 1500 útstoar. Foar 1500 kaam de gieleachpinguïn allinnich foar op 'e subantarktyske eilannen fan Nij-Seelân, lykas de Auckland- en Campbell-eilannen. Dêrom wurdt der fanút gien dat de gieleachpinguïn profitearre fan it útstjerren fan 'e waitaha-pinguïn yn 'e tiid tusken de Polynesyske en Europeeske kolonisaasje. Ek de jacht op 'e seeliuwen troch minsken kin in rol spile ha by de útwreiding fan it ferspriedingsgebiet fan 'e gieleachpinguïn.

In dwerchûndersoarte fan 'e Chathameilannen, de Megadyptes antipodes richdalei, is nei de komst fan Polyneezjers troch jacht útstoarn. De hjoeddeiske gieleachpinguïn briedt net op 'e Chathameilannen.
Tsjintwurdich wurde gieleachpinguïns yn twa populaasjes oantroffen. De noardlike populaasje leit oan 'e súdeastkust fan it Sudereilân fan Nij-Seelân. Dy fêstelânspopulaasje omfiemet fjouwer wichtige briedgebieten op it Banks-skiereilân, Noard-Otago, it Otago-skiereilân en The Catlins. De súdlike populaasje omfiemet de subantarktyske Aucklandeilannen en Campbell Island. Tusken de noardlike en súdlike populaasjes is in beheinde útwikseling mei't it wetter tusken it Sudereilân en de subantarktyske regio en de subtropyske konverginsje fungearje as natuerlike barriêres.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gieleachpinguïn binne skou en briede net yn koloanjes, mar by foarkar op plakken mei bosk en strûken dêr't se gjin sicht op oare nêsten ha. Meastentiids nêstelje se alle jierren op itselde plak. In lechsel bestiet meastentiids út twa aaien en mantsjes en wyfkes briede om bar de aaien yn in oardel moanne út.
De fûgel yt by foarkar reade kabeljauw, mar ek inketfisk en oare fisksoarten. Se dûke oant 40 m djip nei iten.
Status en bedriging
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it fêstelân fan Nij-Seelân makke de soarte de lêst desinnia in foarse delgong mei. Op it skiereilân Otago binne de oantallen sûnt healwei de jierren 1990 mei 75% sakke. De trend liket der op te wizen dat de soarte dêr yn 'e kommende 20 oant 40 jier ferdwine kin. In grutte rol yn 'e delgong spile in ynfeksje oan it begjin fan 'e jierren 2000. Minsklike aktiviteiten op see (fiskerij, fersmoarging) kinne in gelikense, mooglik sels gruttere ynfloed hawwe op 'e delgong fan 'e soarte en ek de feroarjende oseaantemperatueren kinne in rol spylje.
Oare bedrigingen foarmje tekoarten oan geskikt iten en it fêstreitsjen yn fiskersnetten. Yn septimber 2025 waard op it momint dat it brieden útein sette yn it wetter om Otago in needferbod fan trije moannen ynsteld op it fiskjen mei netten om de pinguïn te beskermjen.
De gieleachpinguïn wurdt as ien fan 'e seldsumste pinguïnsoarten yn 'e wrâld beskôge en de IUCN kategorisearret de soarte as bedrige (Threatened, 2020 ) op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Sjoch foar referinsjes: en:Yellow-eyed penguin
|
