Gieleachdo
| Gieleachdo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Columba eversmanni | ||||||||||||
| Bonaparte, 1856 | ||||||||||||
De gieleachdo (Columba eversmanni) is in fûgel yn it skaai hôfdowen (Columba) út de famylje fan dowen (Columbidae). De oantallen fan 'e fûgel binne troch jacht en ferlies fan leefgebiet tebekrûn.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gieleachdowen wurde 30 sm lang en lykje in soad op it gewoane blaudoke. Se binne meast griis, mar ha in brúneftige glâns op 'e boppedielen. De ûnderwjuk, stút en ûnderrêch binne wyt. De Fryske namme ferwiist nei de giele eachring.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt fan noardeastlik Iran oant Sibearje, noardwestlik Yndia en West-Sina foar. Se libje dêr yn drûge gebieten en ek op kultuerlân en by delsettings.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gieleachdowen bouwe harren nêst yn holle beammen, gebouwen, rotsspjalten en holtes yn 'e grûn. Winterdeis binne se yn iepen gebieten mei genôch beammen te finen.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e 19e en iere 20e iuw waard de soarte yn ûnbidich grutte kloften waarnommen, fral yn 'e Punjab, Yndia. Dêrnei folge in rappe delgong; fan 'e oerwinterjende groepen fan eartiids tûzenen fûgels oant groepen fan tsientallen fûgels oant heechút in pear hûndert fûgels. Njonken de jacht hat de soarte slim te leien hân fan it ferlies fan geskikt leefgebiet, dat troch yntinsyf agrarysk gebrûk feroare. Dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN hjoed-de-dei as kwetsber (VU, 2022) op 'e Reade list klassifisearre. Of de delgong trochset is net hielendal dúdlik. Der binne oanwizingen fan ien lokaasje yn Yndia dat de populaasje sûnt 2011 stadichoan tanimt. In rûzing út 2022 fan BirdLife International hâldt de wrâldpopulaasje op 10 oant 20 tûzen folwoeksen fûgels.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike namme waard yn 1856 foar it earst troch Charles Lucien Bonaparte publisearre, dy't de fûgel ferneamde nei de Dútske biolooch Eduard Friedrich Eversmann.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Hôfdo
- Bedrige fûgel
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
