Giele fruchtdo
| giele fruchtdo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje Wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ptilinopus luteovirens | ||||||||||||
| Hombron & Jacquinot, 1841 | ||||||||||||
De giele fruchtdo of giele jufferdo (Ptilinopus luteovirens; syn.: Chrysoena luteovirens) is in fûgelsoarte yn it skaai fruchtdowen (Ptilinopus) út de famylje fan 'e dowen (Columbidae).
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte is ien fan mear as 50 soarten yn it skaai Ptilinopus. Tegearre mei de oranje fruchtdo (P. victor) en de gielkopfruchtdo (P. layardi) wurdt de oranje fruchtdo yn it ûnderskaai Chrysoena set, mar de trije soarten wurde ek wol yn in apart skaai set. Se binne allopatrysk, wat betsjut dat se net op ien lokaasje itselde habitat diele.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De giele fruchtdo wurdt likernôch 20 sm lang en is in tige aparte goudgiele do mei hiereftige fearren, in smelle giele kraach en in griene, bleate hûd om it each hinne. It wyfke is meast grien mei giel ûnder de sturt en hat in grien snaffeltsje en griene poatsjes.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De giele fruchtdo is endemysk op Fidzjy, dêr't er yn iepen bosk, galerijbosk en sekundêr bosk oantroffen wurdt. Se wurde ek by minsklike delsettings oantroffen. De fûgel komt yn westlik Fidzjy foar (Yasawa-eilannen, Viti Levu, Beqa, Ovalau en Gau) en wurdt as monotypysk behannele, itjinge betsjut dat er net yn ûndersoarten ferdield is.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It dieet bestiet benammen út ferskate lytse fruchten, beien en ynsekten. It wyfke leit meastentiids ien wyt aai.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De giele fruchtdo hat in beheind ferspriedingsgebiet, mar de populaasje wurdt stabyl beskôge. De IUCN kategorisearret de soarte op 'e Reade list as net bedrige (LC, 2024).
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
