Giele fluitein
Giele fluitein | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Dendrocygna bicolor | ||||||||||||
Vieillot, 1816 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
![]() |
De Giele fluitein (Dendrocygna bicolor) is in fûgel út de famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). It is ien fan 'e acht soarten fan it skaai fluiteinen (Dendrocygna).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Giele fluiteinen wurde tusken 48 en 53 sm lang. Jerken wege tusken 700 en 850 gram, sijkes tusken 685 en 750 gram. Se ha in lange nekke, grize poaten en in lange grize snaffel. De kop, it boarst en de flanken ha in okergiele kleur. De wjukken en de sturt binne kastanjebrún. In yn 'e flecht goed sichtbere wite 'V' skiedt de donkere sturtfearren fan 'e romp.
Tusken jerken en sijkes binne gjin grutte waar te nimmen ferskillen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en libbet yn it suden fan Noard-Amearika, West-Ynje, dielen fan West- en East-Afrika en East-Yndia en Bangladesj. Yn Afrika is de fûgel mobyl en fleant er grutte ôfstannen om geskikt biotoop te finen. Yn Madagaskar liket de fûgel in stânfûgel, mar yn it easten en westen fan Afrika trekt de fûgel.
It biotoop fan giele fluiteinen bestiet út swietwettermarren, puollen, sompen yn iepen gebieten en ûnder wetter strûpte greide. De fûgels meie ek graach yn gebieten mei wiete rystylt wêze en siket beskerming yn tichte wiete gebieten as er by it ferfearjen kwetsber is en net fleane kin. Giele fluiteinen briede yn losse, lytse groepkes. Bûten de briedtiid foarmje se grutte groepen fan somtiden tûzenen fûgels.
Nêst en iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De fûgels ite sied, fruit, gers, blêd, woartel en dielen fan wetterplanten en út en troch ek ynsekten. De nêsten besteane út in heap planten en driuwe faak op it wetter of tusken it reid. Yn Yndia briedt de soarte meast yn beamholtes of ferlitten nêsten fan oare fûgels.
Yn Afrika is de briedtiid ôfhinklik fan de rein. De populaasjes noardlik fan 'e Sambezy briede yn 'e tiid as der net in soad rein falt, wylst de populaasjes súd fan dy rivier briede yn 'e reintiid.
De soarte is nachts en deis aktyf.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wurdt ferfolge yn gebieten mei in soad rysbou. Ek ha de einen mei pestisiden te meitsjen. It oanlizzen fan damen yn 'e Senegalrivier feroarsake in tebekgong fan 'e kwaliteit fan it biotoop fan 'e ein. Yn Malawy wurdt de ein foar it fleis bejage, yn Nigearia om de ein te ferwurkjen yn tradisjonele medikaasje. Yn Yndia spilet it fersâltsjen, de ynfiering fan ynvasive planten in bedriging, de útwreiding fan 'e akwakultuer en wetterfersmoarging in rol by de degradaasje fan it biotoop fan 'e ein. Giele fluiteinen binne ek gefoelich foar botulisme.
De ein nimt yn oantallen ôf mar net mear as 30% yn tsien jier. Dêrfandinne stiet de soarte op 'e Reade list fan 'e IUCN as net bedrige klassifisearre.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- BirdLife, oproppen 4 febrewaris 2025.
- Ebird, oproppen 4 febrewaris 2025.
- Avibase, oproppen 4 febrewaris 2025.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dit artikel is foar in part in oersetting fan it Dútsktalige artikel. Sjoch foar boarnen en referinsjes: de:Gelbe Pfeifgans
|
- Fûgelsoarte
- Fluitein
- Lânseigen fauna yn de Bahama's
- Lânseigen fauna yn de Dominikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Haïty
- Lânseigen fauna yn Kosta Rika
- Lânseigen fauna yn Kuba
- Lânseigen fauna yn Meksiko
- Lânseigen fauna yn Porto Riko
- Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago
- Lânseigen fauna yn de Turks- en Kaikoseilannen
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Bolivia
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn Ekwador
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana
- Lânseigen fauna yn Guyana
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Paraguay
- Lânseigen fauna yn Suriname
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Boerkina Faso
- Lânseigen fauna yn Boerûndy
- Lânseigen fauna yn Botswana
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kenia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Madagaskar
- Lânseigen fauna yn Malawy
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Mozambyk
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Rûanda
- Lânseigen fauna yn Sambia
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Simbabwe
- Lânseigen fauna yn de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Swazylân
- Lânseigen fauna yn Tanzania
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Uganda