Springe nei ynhâld

Gielbraugoars

Ut Wikipedy
gielbraugoars

Mantsje

Wyfke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljegoarsfûgels (Emberizidae)
skaaigoarzen (Emberiza)
soarte
Emberiza chrysophrys
Pallas, 1776
IUCN-status:

De gielbraugoars (Emberiza chrysophrys) is in fûgelsoarte út 'e famylje fan 'e goarsfûgels (Emberizidae), dy't briedt yn eastlik Sibearje.

De gielbraugoars is lytser as in reidmosk (E. schoeniclus) en wurdt 13 oant 14 sintimeter lang. Hy hat lykwols in relatyf grutte kop mei in frij krêftige snaffel, dy't in rjochte boppekant en in skerpe ûndersnaffelrâne hat. De boppekant is brúnich en sterk streke. De siden fan 'e mantel binne griisbrún, wylst it midden fan 'e rêch en de boppensturt readbrún binne. De ûnderkant is wyt mei in oranje tint oan 'e siden en mei lytse, fine swarte streekjes.

It mantsje yn briedkleed hat in swarte oant brún-swarte kop mei in smelle, sintrale wite krúnstreek en heldergiele wynbraustreken. Wyfkes en juvenilen hawwe in minder dúdlike koptekening, mei mear brún ynstee fan swart, en kinne betize wurde mei de lytse goars (Emberiza pusilla). De gielbraugoars hat lykwols altyd in bytsje giel op it foarste diel fan 'e wynbraustreek en in wite krúnstreek.

Yn winterkleed binne de beide skaaien yn it fjild net faninoar te ûnderskieden en is ek gjin betroubere leeftydsbepaling mooglik.

De gielbraugoars is in trekfûgel, dy't briedt yn eastlik Sibearje, benammen noardeastlik fan 'e Baikalmar, en oerwinteret yn sintraal en súdlik Sina. Under de trek wurdt er waarnommen yn Mongoalje, Noard-Koreä, Súd-Koreä en Japan.

De soarte wurdt mar tige komselden yn West-Jeropa waarnommen. De measte waarnimmingen yn West-Jeropa binne dien yn Grut-Brittanje. Fierders is de soarte ek waarnommen yn Nederlân, Belgje, Lúksemboarch, Frankryk en Oekraïne. Yn Aazje is de soarte bûten it eigen ferspriedingsgebiet ek op Taiwan waarnommen.

Taksonomy en besibskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte waard yn 1776 foar it earst taksonomysk beskreaun troch Peter Simon Pallas, dy't har doe de namme Chrysophrys chrysophrys joech. De skaainamme Chrysophrys wie lykwols ek de namme fan in fiskskaai. Sa hearde bygelyks de seebrazem (Chrysophrys auratus), dy't no Pagrus auratus hjit, ta dat skaai.

Hjoed-de-dei wurdt de gielbraugoars ornaris yn it grutte skaai Emberiza yndield, mar guon autoriteiten diele dit skaai yn ferskate lytsere skaaien op. De gielbraugoars wurdt dan, tegearre mei bygelyks de reidmosk (Emberiza schoeniclus) en de boskgoars Emberiza rustica, yn it skaai Schoeniclus ûnderbrocht.

De soarte is monotypysk, wat yn dit gefal betsjut dat er net yn ûndersoarten opdield wurdt. Genetysk ûndersyk lit sjen dat de gielbraugoars it naust besibbe is oan 'e Eastaziatyske soarten Tristramgoars (Emberiza tristrami) en bamboegoars (Emberiza variabilis).

Aaien fan 'e gielbraugoars.

De gielbraugoars briedt yn 'e taigasône yn frij sletten bosken en leit fjouwer aaien yn in nêst dat yn in beam boud wurdt. De folwoeksen fûgels libje benammen fan sied, mar de jongen wurde ek mei ynsekten fuorre.

De wittenskiplike namme fan 'e soarte is ôflaat fan it Grykske chrysos, dat "gouden'" betsjut, en ophrys, dat "wynbrau" betsjut. Dit ferwiist nei de namme fan 'e soarte, nei it foar de soarte karakteristike giele foarste diel fan 'e wynbraustreek.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: